Weppers tiisdei 16-10

It Meinte-Sixma-toernoai
16 oktober 2012
Weppers woansdei 17-10
16 oktober 2012

Nei it theater
De KNVB wol elkenien nei it theater ha, sa docht bliken út de ynformaasje op
harren webside. Spesjaal foar koaches.

Foto’s
Henk Bootsma kaam sneon nei de Skoalleseize ta om foto’s te meitsjen fan syn pakesizzers. De iene fuotballet yn SDS F5 en de oare yn F1. Jim kinne de foto’s
hjir en dêr fine.

In grapke op twitter
BREAKING | #Baumgartner succesvol geland na duik van 36 km. #Robben en #Suárez doen volgende week poging dit record te breken. #skydive

FIFA 2013 toernoai yn de Tsjerne
Op snein 4 novimber organiseart de Tsjerne in FIFA13 toernooi, dit wurdt spile op Playstation3.
Ôfhinklijk fan de opjefte wurdt der spile yn poules.
Der binne gjin kosten oan ferbûn en foar de nummers 1, 2 en 3 is der in leuk priiske te winnen. 
Gean de útdaging oan, en jou jimme no op by
Marten….
Dit kin oan’t en mei snein 27 oktober 00.00 oere.
Wa sels in eigen controler hat en hjir graach mei spilje wol is gjin probleem, der binne ek controlers oanwêzich. 
Alfest bedankt. 
Groetnis,
Marten

Fan herte lokwinske!
Durk Okkema is hjoed jierdei! Ek “SDS-Bunniksider”, âld-ponghâlder en eks-draaiend-rêddraaier Popko Wijnia wurdt hjoed wer in jier âlder. En net te ferjitten Steffen Bruinsma. Allegear fan herte lokwinske!

“Hieperdepiep,..hoerááááááá!!!!!”

Harsens derby(864)
Soe Jaap de Blaauw dit ek noch kinne?