Weppers tiisdei 15-8-2017

Weppers freed 11-8
11 augustus 2017
SDS JO19-1 hat in nije trainer!
15 augustus 2017

Training

SDS 1 hat lêsten al in oantal kearen traind mar jûn giet it allegear echt los mei de training foar SDS 1.

Oefenwedstriid

Kommende sneon oefent SDS 1 yn Heech tsjin Heeg 1. De wedstriid begjint om 14.30 oere.  Alle oare oefenwedstriden, bekerwedstriden en kompetysjewedstriden steane ûnderwilens yn ús agenda

Wedstriidsaken

Ek dit jier binne der wer feroaringen dy’t de fuotbalsaken noch mear yn de digitale wrâld bringt.  De KNVB hat in App-wedstriidsaken makke en dy soarget der foar dat de wedstriidformulieren en fysike paskes ferdwine. Sjoch hjir 

C14

De nije wedstriidfoarmen bij de pupilllen “freegje” om oare trainingsopsetten. De Cruyff Football organisaasje sil dêr ek in rol yn spylje mei de C14 tour: Trainen, spelen en coachen van de nieuwe wedstrijdvormen. Oer it hiele lân foarljochting en ek op twa plakken yn Fryslân. De iene is bij ONS yn Snits en de oare is bij SDS yn Easterein. De datum foar Easterein is 24-11. Sjoch hjir

Dug out

Stanntribune is in nijsgjirrich blêd en hat dus  ek in nijsgjirrige wepside. Dizze kear in artikel oer dug-outs, Sjoch hjir hoe grut it ferskaat is.

Skorsing

De KNVB hat yn de jiergids oanjûn wannear in skorsing plakfynt. Ek de kosten wurde oanjûn.

Harsens derby (1910)

Ho……..