Weppers moandei 14-7
13 juli 2008Weppers woansdei 16-2
15 juli 2008Spilerspassen
I.v.m. mijn vakantie van 25 juli t/m 16 augustus, kunnen de spelerspassen bij André Vink kunnen worden opgehaald. Zijn adres is: Singel 30a. 8734 HR Easterein. Tel. 0515-333134.
Koos Plantinga
Kompetysje-yndielingen
De kompetysje-yndielingen en beker-yndielingen binne bekend. Wy hoopje se jûn hjir op de side te hawwen. Je kinne se hjir alfêst sels opsykje.
Kompetysje SDS 2
SDS 2 komt kommend seizoen út yn de 1e-Klasse A. Sy hawwe in bult Fryske ploegen yn de kompetysje. It sjocht der sa út. Neffens ús in prachtige kompetysje.
1e klasse A
1 Zeerobben 2 14:30
2 ONT 2 12:00
3 Staphorst 2 12:30
4 Leeuwarder Zwaluwen 2 12:00
5 Harkemase Boys 2 14:30
6 BCV 2 12:30
7 Hardegarijp 2 12:45
8 SDS 2 12:00
9 Blauw Wit ’34 2 12:00
10 Drachtster Boys 3 12:00
11 Urk 3 14:30
12 Fean’58 2 14:00
Striid op WK
Der is altiten striid op it iepen WK yn Wommels. Moandeitejûn wie der al striid foarôf. Wa kin de doeltsjes brûke. Want troch de fakansje hoecht de jeugd net betiid op bêd en ûndanks it feit dat se de hiele dei al fuotballe hawwe, is der fansels neat moaier as jûns ek noch efkes te fuotbaljen. Der is yn Wommels mar in trije koart fuotbalfjild (wêr sjogge je dat noch op de wrâld?) en twa doeltsjes fan 1 meter bij 80 sintimeter. Wa soe de doeltsjes besette?
De jeugd op it WK
Der waard striden, der waard treaun, der waard fuotballe en der waard tekkele. En der waard skoord yn doeltsjes. De jeugd wie earst en lieten it izer triljen. Belibje it mei troch dit filmke.
De âldtsjes op it WK
Undanks it feit dat er gjin feteranen meidiene kinne je mei rjocht dochs sprekke fan de âldtsjes. Tenminste at je it fergelykje mei de jeugd. Sij moasten it dwaan meitwa wetterflessen as doel. En fierders wie it dêr ek in fallen en opstean.
De fiifde kolonne
Ek bij it iepen WK binne de fêste supporters
Sij beeamelje dêr alle aktualiteiten fan de sport. Sij freegje harren ôf hoe’t it takem jier komt mei it earste fan SDS, sij freegje harren ôf werom Erik foar takem jier noch gjin maten hat, sij freegje harren ôf hoe’t it kin dat bij de PC safolle minsken op de tribune sitte kinne dy’t nea bij it keatsen komme en sij fine dat Amarins it goed dien hat mei Hindrik yn de karre.
S(teltse) D(omme S(treakers)(2)
Hjir wer in streaker. Allinnich foar de goal wit hy de bal net efter de keeper te krijen. Respekt foar de keeper dy ’t ek yn dizze nuvere situaasje it each foar de bal(len) net ferliest……………