Weppers moandei 14-7

Weppers snein 13-7
12 juli 2008
Weppers tiisdei 15-7
14 juli 2008

Nije foto
Alle nije teamyndielingen fan de senioareteams steane op de side. Spitich genôch stiet der by sommige spilers noch in âlde foto. Hawwe jim in knappe nije foto, mail him dan nei
info@vv-sds.nl.

De nije knappe foto fan Feiko.

WK
Jûn om 19.30 is der wer in WK op it fuotbalfjild yn Wommels. Út ûnbetroubere bron hawwe wy fernommen dat inkelden snein spesjaal traind hawwe foar it kommende WK. Wy sille jûn sjen as wy it ferskil merke kinne. Gerlof “Servet” Hofstra kin op it heden wol wat ekstra training brûke. De konkluusje nei de training fan juster wie; “Gerlof “Servet” Hofstra is op syk nei in TomTom om ût syn dal te kommen!”

Talint
Nei it sjen fan it filmke oer de oare talinten fan inkelde jeugdige SDS’ers(sjoch weppers fan snein) moast Jildert Hylkema lyk oan Foeke Reitsma tinke. Foeke hat namelijk wol in hiel spesjaal talint(klik hjir).

From Down Under
Dirk-Yde Sjaarda hie al lang werom wêze sillen, mar Ajax-supporters hawwe syn planning wat yn de war skopt. Dirk-Yde sil no ynkoarten nei de Olympyske Spelen. Hoe dit sa kommen is kinne jim hjir lêze.

Yngoaie
Sommige mannen sizze dat froulju net fuotbalje kinne. Wy binne it hjir net mei iens. Dat sommige net yngoaie kinne is wol wis(klik hjir), mar der is net in man dy ’t sa goed yngoaie kin as dit frommes(klik hjir).

S(teltsje)D(omme)S(treakers)(1)
Yn dizze komkommertiid moatte je wolris wat betinke om oan nijs te kommen foar de webside. Spesjaal dêrom dizze wike in spesjale rubryk foar alle SDS’ers; Steltsje Domme Streakers……..