Weppers tiisdei 15-12

Weppers moandei 14-12
14 december 2009
Weppers woansdei 16-12
16 december 2009

Gjin trainen
Jûn traine de A en B selectie net. Tongersdei om 19.00 oere traine de A en B selectie tegeare om de earste helte fan it seizoen of te sluten. Nei de tiid efkes gesellich sitte yn ‘e kantine.  
Klaas en Dick.

Nijjiersresepsje 2010
Sneon  9 january 2010 is de nijjiersresepsje. Foar de resepsje is der in kuiertocht (by genoch dielname) en in tocht foar minsken dy’t wat hurder wolle.

De kuiertocht sil tusken de 10 en 12 km weze en het runtsje foar de dravers (fanôf de A-junioaren) is ungefear 8 km.

It is de bedoeling dat de kuierders om ca 13.00 oere en de dravers om ca. 14.00 oere starte sadat se  tagelyk werom binne by de Skoalleseize.

Hjir wachtet de dielnimmers in lekkere kop snert, klear makke troch de froulju fan de kommisje. 

Fanof ungefear hjealwei fiifenen healwei njoggenen sil de muzyk fersoarge wurde troch DJ Jan Bouke Bouma. Tuskentroch dogge we in pear slachjes mei it draaiend red.  

Elkenien dy’t wat mei SDS hat is wolkom.  

De aktiviteitenkommisje.

Woansdeitejûn sealfuotbaljûn
Moarntejûn binne der wer 2 sealwedstriden yn Easterein. SDS 1 nimt it om 20.30 op tsjin Futsal Cambuur 2 en SDS 2 nimt it om 21.30 op tsjin Sneek-Wit-Zwart 3.

Gjin trainen
Woensdagavond is er geen training voor de dames!
Groet Johan

Net nei de Bosk
Stel dat SDS yn de bekerstriid wûn hie fan Flevo Boys dan hiene se woansdeitejûn nei
Harkema mochten. Want de Boys út de wâlden spylje dan tsjin de boys út de polder.

Net mear bûten
It tredde traint fannewike net mear op ’t fjild. Mocht der yn de seal in plakje fry komme dan komt it op de SDS-side, hald de side yn de gaten dus.  
Groetnis Jan

Nei binnen
De A-junioaren geane harren optimaal tarieden op it KNVB-Krystsealtoernoai fan kommende sneon yn Boalsert. Woansdei- en tongersdeitejûn sille sy fan 22.30 oan ’t 23.30 traine yn de seal yn Easterein. Mochten sy sneon de foarrondes trochkomme dan meie sy op 2 jannewaris meidwaan oan de finales yn Frjentsjer.

Op de tomme

Ek dit jier sil op dizze side de liftwedstryd fan de jongelju út Wommels en fiere omkriten wer streekrjocht ferslein wurde. En binne bliid dat der in oantal SDS-ers meidogge en dy rekkenje wij seker ta de kânshawwers. Wij sjogge Sjoerd van Beem (sterker sûnder Jan) Sjoerd Rispens (sterker mei broer Jaring), Sytse Hibma en Tsjeard Hofstra ûnder oaren op de dielnimmerslist stean. Dit jier gjin start op 1 jannewaris mar op tiisdei 29-12 moarns op tiid. En de reis giet nei Skotlân.

KrystTreffer
De KrystTreffer leit ynmiddels by Hanzedruk. Jim kinne him dus ynkoarten yn de bus ferwachtsje. Neffens ús is it de muoite wurdich.

Kreas
It fuotbaljen yn de Serie A is by tiden net om oan te sjen. Miskien kinne je dan better 2 nivootsjes leger sjen yn de Lega Pro A. It ferskil tusken de nûmer 1 (Verona) en de nûmer 9 is dêr mar 6 punten. It is dus aardich spannend. Ek falle der soms knappe goals: