Weppers tiisdei 14-2-2023

Sneon 11-2-2023
10 februari 2023
SDS-League: De wykpriis falt yn Lollum!
15 februari 2023

SDS 2 oefent

Jûn is der in oefenwedstriid fan SDS 2. WWS 1 is de tsjinstanner om 20.15 oere op de Skoalleseize.
Jesse van der Weide sil jûn de bar draaie.

SDS 1 bekomt

SDS 1 docht it dizze wike efkes rêstich oan en traint jûn bygelyks net. Tongersdei 23 febrewaris oefenje sy thús tsjin IJVC 1.

SDS 2 seal

Sij spylje woansdeitejûn thús om 21.00 oere tsjin Futsal Heerenveen 4.

SDS 1 seal

Sij spylje woansdeitejûn út en dogge dat om 19.55 oere tsjin Sneek Wit Zwart 3.

Doelpuntenmakkers

Dit wykein waard der troch de 4 seniorenalvetallen 11 kear  skoard en der siten wer in oantal doelpuntenmakkers bij dy’t wij foar it earst tsjinkomme yn de list dit jier.
De nammen fan Bote Strikwerda, Michael van der Weg,  Syb Overal en Niels Janssen kinne jim no ek werom fine yn de list. Niels (JO19-1)  skoarde sels  twa kear.
Topskoarder per alvetal binne no:

SDS-League

Alle 67 teams binne ynfierd yn de kompjoeter en ek alle punten steane der no yn. De kompjoeter mei no noch efkes rekkenje en dan hoopje wy moarn mei de earste stân te kommen.
Al sjogge wy no krekt noch in team by de Spam lizzen. Wy binne drok dwaande yn elts gefal.

Sneon 27 maaie

Sneon 27 maaie slúte wy it seizoen mei syn allen ôf. Set it mar fêst yn de aginda:

Harsens derby (2138)

Ho!