Weppers tiisdei 14-1

SDS-sealtoernoai 2014
13 januari 2014
SDS-sealtoernoai foar A-junioaren en senioaren
14 januari 2014

A-seleksje traint yn Easterein
A-Selectie traint dinsdagavond om 19.15 uur in Easterein. Jaap de Blaauw

SDS-sealtoernoai foar D-pupillen
Kommende sneon 18 jannewaris is it jierlijkse SDS-sealtoernoai foar D-pupillen. Jim kinne jim hjir opjaan. It toernoai is moarns fan 9.00-13.00.

SDS-sealtoernoai op 25 jannewaris
Nije wike sneon 25 jannewaris is der wer it jierlijkse SDS-sealtoernoai foar senioaren, sealfuotballers en A-junioaren. It toernoai begjint om 19.00 oere yn sporthal de Greidhoeke yn Easterein. Jim kinne jim hjir alfêst opjaan.

Lykle Bleekveld nei TOP’63
Âld-SDS-trainer Lykle Bleekveld sil folgend jier oan de slach by TOP’63. Hy folget dêr Arjen Hoekstra op. Wy winskje him alfêst in protte súkses en komme hi mei de tiid fêst tsjin.

Nije spits?


Wij slúte net út op grûn fan boppesteande twiit dat SDS dizze winterstop ek aktyf is op de transfermerke.  Alles wat goed is hoege je net fan fier te heljen, soene wij sa sizze. Wij ha begrepen dat it swart wyt him hiel goed stie.

Knap ferwurde
Wêrom hienen wy leaver sjoen dat in oar as Cristiano Ronaldo juster de Gouden Bal krige as beste fuotballer fan de wrâld? Dit komt in hiel ein yn de goeie rjochting.

Alderaardichst
Doe spiler en jeugdspiler by Ajax en no trainer en spiler by AC Milan. Clarence Seedorf en Nigel de Jong:
fashion2

Harsens derby(1189)
Toet toet