Weppers tiisdei 13-8

Weppers moandei 12-8
12 augustus 2013
Weppers woansdei 14-8
14 augustus 2013

Traine
Jûn traine de A’s foar it earst en de útnoege spilers dêrfoar steane bij de weppers fan moandei.

Voetbalnoord
Wij binne in grutte fen fan Voetbalnoord. In oersichtelike side foar it amateurfuotbal. It moaie is ek dat der in app fan is. Dat is hielendal maklik omdat  dêr sneons de tusken- rêst en einstannen op setten wurde kinne fan je eigen feriening. Wiene it ferline jier allinne kompetysjewedstriden, no steane ek alle bekerwedstriden en eventueel oefenwedstriden der yn. In oarieder foar de mobile apparaten.

Tarieding op seizoen
Wij folgje at it kin ek eardere SDS fuotballers en ien dêrfan is Jildert Hylkema. Hij spilet no bij sv Leones en syn tweet fan sneon wie: Heerlijk zo’n voorbereiding zonder kaatsperikelen! #voetbal #focus

Traine
In pear jonges fan SDS 4 binne al drok oan it trainen. Sij hâlde of rekken mei in wiet seizoen of sij traine foar de fopdûk want de training fynt plak
yn it swimbad. Of soene sij traine foar it thriatlon spektakel op  5 septimber yn Wommels ?

Skylge
Wij hawwe begrepen dat SDS dit jier ek mei docht op it heechoanskreaune fuotbaltoernooi veteranen op Skylge. Dat sil plak fine op sneon 30 augustus.

Traine
Kommende woansdei giet E4 los mei de training. Neist de spilers fan E4 sels traine Froukje Altenburg en Evi Bouma ek mei en binne de mannen fan E3 ek wolkom.
Graach om 17:55 oere foar de klaaiboxen. Gr.
Hans en Luuk van der Schaar

Ald of jong
Bij PSV binne se hielendal yn de war no’t sukses der wer oan liket te kommen. Sjoch
hjir

Harsens derby(1090)
Keeper Schwarzer is dit jier twadde keeper by Chelsea. Dat sil earst ek wol sa bliuwe: