Op nei de nije SDS-League!
11 januari 2021Sneon kratsjes bier te keap by de kantine
13 januari 2021SDS-midwintertoernoai
Sneon is der foar de jeugd fan SDS it SDS-midwintertoernoai⚽.
Opjaan is net nedich
Programma:
13.00 – 14.15 oere:
De Minileague en de JO8 oant en mei de JO10
JO11 oant en mei de JO12
14.30 – 16.00 oere:
JO15 oant en mei de JO19
MO17
Winner Krystpuzzel
Sa as elts jier stie der dit jier ek wer in krystpuzzel yn de krystTreffer. Normaal sprutsen meitsje wy de winner bekend mei de SDS-nijjierssit. Dat siet der no net yn, dus dogge wy it hjir op de webside.
De oplossing fan de krystpuzzel wie: ‘SDS-PARAPLU’.
Ut alle goeie ynstjoerders kaam Lolke Bouma as winner út de bus.
Wy sille soargje dat hy sa gau mooglik syn priis krijt. Dan kin hy him mar brûke.
Fan herte lokwinske!
Nijland-midwintertoernoai
Kommende sneon sil moarns de jeugd fan vv Nijland in toernoai spylje op it keunstgers yn Easterein.
Hegedruk
In hegedrukgebiet ûnder lieding op de Skoalleseize.
Nimmen rint him foar de fuotten en hij rint Baukje net foar de fuotten. Dat is Klaas Overal dy’t al dagen dwaande is om it griene op de stoepen en op it terras der mei hege druk wie te spuitsjen.
Bal nûmer 10
De jonges fan SDS JO17-2 hiene snein oanjûn dat sij wol wer traine woene, dus wiene der moandei 10 man. Sij troffen it net echt mei it waar. It reinde, it eaze en se hiene gjin droege trie mear oan om 8 oere. It spul opromje en de ballen yn it net. Der wiene mar 9 fan de 10. Je seagern gjin hân foar eagen en se ferlangten nei droechte. Dy iene bal dy’t dêr earne yn it tsjuster leit sykje ik moarn wol op, tocht de trainer dy’t ek wolris droeger west hie.
Fannemoarn mei pakesizzer Samme hawwe sij him út de feart fiske.
Harsens derby (2281)
No al de bêste penalty fan 2021………………
Who do you know that takes a penalty like this? 😂#SundayLeague pic.twitter.com/RRwgtBDwY8
— Grass Root Goals (@GrassRootGoals_) January 10, 2021