Weppers tiisdei 11-7

Kompetysje-yndieling SDS 1
5 juli 2017
Seleksjes senioaren 2017-2018
12 juli 2017

Komkommernijs

De wepmasters hawwe it op it heden net folle te melden. Sa gau as wy wat mear komkommernijs hawwe dan melde wy ús ek wer faker. Hawwe jim noch komkommernijs mail it dan nei info@vv-sds.nl!

Afbeeldingsresultaat voor komkommernieuws

25 jier Treffers besoarge!

Yn de wike fan de lêste Treffer fan it seizoen efkes omtinken om Keimpe en Hiekje Meijer út Easterein. Sy bringe dit jier al foar it 25e jier efter mekoar de Treffer rûn. Sjapoo!

Adreswizigingen

Op it heden binne der aardich wat SDS’ers dy ’t ferhúze binne of ferhúzjen gean. Dêr neffens krije wy allinnich net de adreswizigingen binnen. Soenen jim dat wol dwaan wolle op ledenadministraasje@vv-sds.nl?

WK

Sa as gewoanlik op moandeitejûn  yn de simmermoannen wienen der wer 8 man (fan de 40 út de groepsapp) te prikkeljen om in lekker potsje te baljen op it beruchte sportcomplex ‘skopfjild Wommels’. 19:30 stienen der precies 7 man op it fjild en moest der wat betocht wurde, want 4 tsjin 3e is gjin optie. Nei een pear wanhoopstelefoantjes hie team giel hast een berop dien op de beruchte man mei de kruk, die elke edysje fan it WK wer lâns rint yn sien giele hesje om de einen te fuorjen. Toen kwam der ien op it geweldige idee om Jurjen te beljen. Ondanks dat dit it niveau nei beneden helje soe wie iederien it der mei iens. Om precies 19:42 kwam de 8e man en 5e keus en koenen we Los (haha). De Teams wieden samenstelt yn team counter ( Elger, Jacob, Jurjen en Arjen) en team Argentinië en co ( Willem, Remco, Pieter en Lourens). Nei in spannende earste 10 minuten wer iederien nog oer it deade punt hinne moest , wiene de der op folgjende 10 minuten dúdlik foar team Counter, want sa as hun teamnamme al seit, wie it mei counters sa een stik as 7 doelpunten ferskil binnen 10 minuten. Nei een pear geweldige acties, oertredingen, missers en trucjes kwam de stân toch nog ergens ticht bij elkoar. 22-20 foar team counter (ûngefear). Tiid foar de winnende goal dus. En sa as gewoanlik wienen der wer weinig minsken die sin hienen om it stikje te skriuwen. Dus tocht ik as eerherstel , lit ik maar een achterwaartse Robin van Persie kopbal dwaan sadat iederien deze drama pot ferjit. Helaas seach it der net sa subtiel as van Persie út, mar hij siet wol…… nei dit útgebreide wedstriidferslach nog even de opfallende punten fan de jûn by lâns.
Jacob: geweldige fuotballer, mist gjin kâns (kin we brûke bij SDS 1)
Jurjen: helle it niveau absoluut net nei beneden , en stie der ferstelt fan dat hy toch net de grutste skopper fan de famylje is.
Arjen: kin geweldig tackelje(sjuch hjir boven) , stoppet nooit mei draven, goeie aanwinst foar SDS 1
Elger: is allinich goed op it WK
Willem: dat lytse fjild leit m wol
Pieter: wanneer wurd dizze jonge no ris scouten….
Remco: ik woe dat ik sa folle enerzjy hie….
Lourens: kin better op dûnsjen gean…
Nog even in speciale fermelding foar ús trouwe fan, Jacob K. Hoe koe it no datsto bij ús seachdest, wer werom gie toen it “reinde” en dat 10 minuten letter Lysanne lâns fietste?? Wy koene der mei syn 8en net útkomme. As lêste toch even een lêste oprop foar de minsken die stiekem wol gewoan kinne op moandei en woansdei, We ha jim nedich! 5 tsjin 5 is al een stik leuker en minder fermoeiend dan 3-3 of 4-4! Dat wie it.

Oant folgende wike!

Lourens

Yndieling senioaren

De teamyndielingen foar de 4 senioareteams fan SDS binne ek sa goed as rûn. Moarn steane se hjir op de webside.

Mei fakansje!

De lêste Treffer is út, dus dat betsjut dat de Trefferredaksje mei fakansje kin 😉

Kompetysje-yndielingen

De kompetysje-yndieling fan SDS 1 is bekend, mar fierder noch neat. Op 21 en 22 july folget de rest.

Bekeryndielingen

De bekeryndieling foar SDS 1 komt moarn. Foar de rest komt dit op 28 july.

SDS 1 – FC Dordrecht op sneon 5 augustus

Hawwe jim al yn de aginda setten dat SDS 1 syn earste oefenwedstryd fan it seizoen op sneon 5 augustus spilet thús tsjin Eerstedivisionist FC Dordrecht? Dan kin dat no moai efkes!

Ek keunstgers

Hieltiten mear amateurklups krije keunstgers. Ek Waterpoort Boys sil yn de takomst gebrûk meitsjen gean fan in keunstgersfjild. Sjoch ek op http://www.waterpoortboys.nl/.

Sc Heerenveen – Volendam yn Wytmarsum

Tiisdei 18 july spilet Sc Heerenveen in oefenwedstryd tsjin Volendam. De wedstryd begjint om 19.00 oere. Kaarten binne te krijen fia www.svmulier.nl

foto van 50 jarig jubileum sv Mulier.

Alderaardichst

Mkhitaryan fan Manchester United hat blykber in hiele noflike fakansje hân.
It liket wol of ferkeapje se no ek posysjeklean by Manchester United…….

Harsens derby (1904)

Ronaldo nimt altiten alle frije trappen by Portugal. It wurdt dan ek ferskrikkelijk lestich as hy der in kear net is……..

 

 

Letter miskien noch wol mear!