Weppers tiisdei 11-6

Weppers moandei 10-6
9 juni 2013
Weppers woansdei 12-6
11 juni 2013

Erik nei WPB
De kûgel is troch de tsjerke. Erik Haitsma hat bekend makke dat hy der foar keazen hat om folgend jier yn it blau-giel fan 2e-Klasser Waterpoort Boys út Snits te fuotbaljen. Hy is no dwaande mei de oerskriuwing en hat noch oan ’t sneon. Foar Erik is dit nei syn aventoer by SC Cambuur de twadde kear dat hy efkes yn in “blau-giele” keuken sjocht. Wy winskje him in bult súkses yn Snits!

Treffer
Wy hawwe noch net alle seizoensferslagen fan alle teams en begjinne him hast wat te knipen. As der noch lju binne dy ’t wat skriuwe wolle oer SDS 5,Vr1,Vr2,MC1,A1,C2, D1,E1 en/of E5 dan soe dat hiel moai wêze. Hoe earder as jim it maile nei
DeTreffer@vv-sds.nl hoe better.

SDS-skoallefuotbaltoernoai
Moarn is it sa fier, it SDS skoallefuotbal toernoai. Der dogge 13 teams mei dus it wurd grif spannend. We gean om 13:30 los. Wolle alle skiedsrjochters (Pieter, Inne, Gerwin, Mathijs etc.) der om 13:00 oere weze?
Gr. Hans


Spyldagenkalinder 2013-2014
Foar SDS 1 begjin it nije seizoen wat de kompetysje betreft op sneon 7 septimber. Op 24 augustus begjinne sy te bekerjen. De jeugd begjint ek op 24 augustus mei de beker, mar harren kompetysje begjin op 14 septimber. Sjoch hjir foar de hiele spyldagenkalinder.

Simmerprogramma
It programma foar de simmer kinne jim hjir fine. As der wat mist dan heare wy it graach, want wy wolle neat misse………

Flipbook
Miskien kin der ris ien in moai Flipbook meitsje mei aksjes fan Jelmer Posthumus. Jim witte net wat in flipbook is? Sjoch
hjir mar ris.

Ynkopper
By lju dy ’t as lytse poppe in skoft oan de boarst lein hawwe, hindert it neat as sy mear as 1800 ballen per jier koppe……………… Of haw ik no te folle ballen kopt en net lang genôch oan ’t boarst lein??

Harsens derby(1048)
Somtiden hawwe je it gefoel dat je tsjin 12 man fuotbalje: