Weppers tiisdei 11-10

SDS siket jeugdkoördinator!
10 oktober 2011
Foar alle D-, E- en F-pupillen!
12 oktober 2011

Ynhelje
De ôflaste wedstriden fan SDS 2 en 3 fan ôfrûne sneon binne alwer op ‘e nij fêststeld. SDS 2 spilet op sneon 22 oktober om 12.30 thús tsjin Makkum 2 en SDS 3 spilet dan om 14.30 tsjin Leeuwarder Zwaluwen 4.

Harkemase Boys 1 – SDS 1
De bekerwedstryd fan SDS 1 út tsjin Harkemase Boys 1 is op sneon 22 oktober. It soe wêze kinne dat de wedstryd noch ferskood wurdt nei tongersdei 20 oktober, mar hy stiet noch altiten foar de sneons op it programma.
Miskien ek wol sa moai foar de SDS-supporters. Dan soenen sy sels yn in bus kinne mei syn allen……..

“De C-seleksje hat gjin trainen”
Dat stie ferline wike as kopke op de webside. Dat sa’n berjocht betiizjend wêze kin docht bliken út it ûndersteande. (in wepper fan André Vink)
He wat geen trainen dachten Martijn Hogerwerf en Olger Postma, hoe kan dat nou.
Na lang getwijfel toch maar even kijken op het trainingsveld. De C2 trainde wel zagen ze.
Hoe kan dat nou? Op de site stond dat ze geen training hadden!! Al gauw was duidelijk dat de C-selectie nog lang geen C2 was maar SDS 3.
Weer wat geleerd.

Rûnom Easterein
Snein is der wer alderferskrikkelukst hurd fytst om en yn Easterein. De beste wiene dizzen:
 
A-klasse manlju
1. Folkert van der Werf (01.21:26), Nijlan
2. Peter Sybesma (+20″), Easterein
3. Anne Stenekes (+ 56″), Wommels

Topklasse froulju
1. Marijke de Boer (01.02:12), Easterein
2. Sjoukje van der Eems (+7″), Easterein
3. Wytske Vermeulen (+20″), Ljouwert

Topklasse manlju
1. Teake Piet van der Werf (01.08:07), Dearsum
2. Sybrand van der Weij (+7″), Easterein
3. Oane Galama (+20″), It Heidenskip

Harsens derby (585)
Dit is ek net in gekke keeper, mar wat wol je ek mei sa ’n stikje musyk derûnder: