Weppers moandei 28-2
28 februari 2011Weppers woansdei 2-3
1 maart 2011SDS 1
Jûn spilet SDS 1 yn Surhusterfean tsjin it Fean 58. It begjint om 20.00 oere. Kommende sneon spilet SDS wer thús. Koprinner Buitenpost komt op besite. Dy wedstriid begjint om 15.00 oere.
Seal 2
SDS seal 2 spilet jûn yn Boalsert tsjin Bolswardia 3. In echte jûnwedstriid want it begjint om 21.30 oere.
Drok
Kommende sneon begjint de kompetysje wer echt. Foar jong en âld. Wat ús opfalt is it tryste oantal wedstriden wat SDS 4 spile hat yn dizze kompetysje. Mar 6 (!) kear kamen se yn aksje. Sij hawwe noch 14 wedstriden te gean. Mei SDS 5 is it net folle better. Sij hawwe dan wol 8 kear fuotballe, mar ek sij moatte noch 14 kear om se ien ploech mear yn de kompetysje ha. It aaisykjen wurdt neat dit jier tochten wij sa.
Fan herte lokwinske
Treffer
Yn de Treffer fan febrewaris stie in ferhaaltsje oer Johan Heerma mei in foto. Jan Keuning reageart dêrop.
De jonge op side 21 fan de Treffer fan febrewaris is Anno Westerhof.
Wichard hat gelyk. Se binne ferhuze nei St Nyk Heit Hidde waard der sporthalbehearder en startte der in judoferiening.
Anno syn broer, Bert, hat ek jierren by SDS spile en siet by my yn it alvetal.
Johan Heerma sil yn de war weze mei Alexander Sternsdorff dy’t destiids ek fuotballe en op Hinnaard wenne.
Groetnis,
Jan Keuning
Drylts
Plysjeberjocht
Us meiwurking is frage om it ûndersteande plysjeberjocht te pleatsen:
SNEIN 27 FEBREWARIS
De plysje is op ‘e syk nei de sûnt 17 maaie 2009 fermiste Sportklup Hearrenfean. De klup hat doe it stadion De Kuip yn Rotterdam yn feeststimming en mei beker ferlitten, mar is dêrnei net wer sjoen. De beker is in jier letter weromfûn yn Amsterdam, mar SC Hearrenfean is noch altyd spoarleas. Op basis fan in rekonstruksje komt de plysje ta de konklúzje dat SC Hearrenfean sûnt 1 oktober 2006 oan ien stik wei kontakt socht hat mei en ûnder ynfloed stie fan ferkearde freonen. Op dy dei hat de heit fan de klup, in Van der Velde fan Langwar, de klup efterlitten en in omke frege der goed op te passen. Dat is net slagge.
De plysje giet út fan in misdriuw tsjin mear as njoggentich jier tradysje en histoarje, mar is ree om de belutsenen te ferjaan as dy de klub weromjouwe oan de minsken dy’t der bewiisber doel oer hawwe en der leafde foar fiele. De plysje wiist der mei klam op dat hockeyers, iishockeyers en âld-dosinten Dútsk dêr op foarhân net by hearre. De plysje jout it folgjende sinjalemint frij. Moaie klup, blau-wyt mei in bytsje read, sierlike fuotballers, dissiplinêr, entûsjaste en belutsen supporters, folle tribunes, oanfallend fuotbal mei in swymke Skandinavyske degelikheid, leafde en respekt foar histoarje en tradysje, ienheid, Abe, Frysk.
Mochten jo de klub earne treffe of witte wêr’t dy noch te finen is, warskôgje dan fuortendalik de helptsjinsten. Wachtsje net te lang. Foardat jo it witte, is it te let. Op dizze stjoerder kinne jo aanst sjen nei Boppeslach Kafee. Dêryn mei de direksje fan SC Hearrenfean, swier ynspirearre troch it Libysk ministearje fan foarljochting, tweintich minuten lang útlizze dat der neat oan de hân is. De plysje winsket alle fuotballeafhawwers mear sûn ferstân ta.
Oant safier dit ekstra plysjeberjocht.
Harsens derby(415)
It wetter komt mei bakken út de himel en de wedstryd wurdt in skoftke stillein. Wat moatte je dan as supporters? Nei hûs ta? Tuerlik net. “Bommetje!!!!!”