Ta oantinken fan Gelf Eringa
29 december 2017SDS-FIFA-18-toernoai
2 januari 2018Fotoboek fuort?
Mei it jubileum fan SDS 50 jier yn 1997 hat Bauke de Boer in hiel soad foto’s makke en dit nei de tiid yn in prachtich fotoboek plakt. No is it sa dat dit boek al inkelde jierren net mear te finen is. It giet om in read fotoboek. Wa ’t wit wêr it is mei maile nei info@vv-sds.nl!
Aldjierssealbalje
Moarn kin der wer tradisjoniel sealballe wurde yn de sporthal yn Easterein. SDS’ers kinne fan 14.00 oere – 15.30 oere te plak yn de sporthal. Je hoefe je net op te jaan, mar kom wat op tiid sadat der ploechjes makke wurde kinne.
Fan 13.00-14.00 0ere ploech fan Jaap van der Velde
Fan 14.00-15.30 oere SDS
Fan 15.30 – 17.30 oere Fam. Kooistra
En nei de tiid is der fansels alle romte foar in hapke en in snapke!
Sealbalje
De froulju fan Vr.1 sille yn jannewaris wer meidwaan oan it OFK yn Frjentsjer en sille tiisdei 2 jannewaris efkes sealtraine yn de sporthal yn Easterein fanôf 17.30 oere.
De Kryst-Treffer
De measte leden sille de Kryst-Treffer al wol krigen hawwe, mar it kin wêze dat de leden dy it fierst fuort wenje de Treffer noch net hawwe. Sy binne ôfrûne wike op de post gien, dus hy sil ynkoarten wol komme. En oars gewoan efkes op de nijjierssit komme op sneon 6 jannewaris. Dan lizze der genôch yn de kantine.
SDS-FIFA-2018-toernoai
Op woansdei 3 jannewaris fanôf in oer as 17.00 oere is der in FIFA 2018-toernoai op de Playstation of efentuele oare spulkompjoeter yn de kantine.
Fanôf 17.00 oere is dit foar de SDS-jeugd fanôf 9 jier. It kostet €3,- Dit is ynklusyf 1 konsumpsje en in bakje patat.
Der binne alderaardichste prizen te winnen.
As de bern klear binne, dan is it tiid foar de folwoeksenen om FIFA te spyljen.
Wa giet der no mei de wikselbeker fan troch? It kostet €5,- en hjir sit in konsumpsje by yn.
Je moatte je opjaan foar 2 jannewaris!
Jim kinne jim hjir opjaan!
By de jeugd is der al aardich wat opjefte:
Sander | Tiesnitsch |
Jesse | van Krimpen |
Tiemen | Groothof |
Steijn | Groothof |
Mark | Klijnsma |
Jelte | Spoelstra |
Pieter | Wijnia |
Hendrik | van der Eems |
Ruben | Fennema |
Jesse | Fennema |
Kevin | Den Haan |
Larissa | Eupper |
Phillip | Eupper |
Rutger | Veenstra |
Eeltsje | Bootsma |
Douwe Jan | Vellinga |
Luka | van der Weg |
Milan | van der Weg |
Tom | Wijnia |
Harsens derby (1968)
As der yn de winter neat oan de wedstryd is dan kinne je altiten noch sniebalje mei de oare supporters.
❄️ Snowball fight now between St Mirren and Dundee United fans 😂😂😂 pic.twitter.com/uWnW6vYoEC
— Ross MacDonald (@RossMixDonald) 29 december 2017
Letter mear!