Ta oantinken fan Gelf Eringa

Weppers freed 29-12-2017
29 december 2017
Weppers sneon 30-12
30 december 2017

Gelf Eringa (30-10-1938 – 28-12-2017)

Yn de nacht fan woansdei 27 desimber op tongersdei 28 desimber is Gelf Eringa yn ‘e sliep ferstoarn.  Gelf Eringa wenne yn Spannum en hat in trou en belutsen lid fan SDS west.  Gelf is 79 jier wurden.

Gelf Eringa wie in echte sportman. Hij hie nocht oan kuorkebalje, oan keatsen en oan fuotbaljen.  Bij SDS fuotballe hij yn it earste en syn karriêre einige sa’n bytsje mei it winnen fan de Fryslân kup 35 + yn 1995.
Gelf Eringa wie in aardige, ferstannige man mei in hiel soad humor.

Gelf yn SDS 1

Gelf Eringa hat jierren yn SDS 1 fuotballe en stiet op dizze foto hielendal rjochts

Gelf as âldste lid

Yn 1997 bestiet SDS 50 jier en op dat momint is Gelf Eringa it âldste fuotbaljend lid.
Yn it jubileumboek fan SDS mocht hij mei de jongste (Albert Tiemersma) op de foto.
Wij heare it him sizzen: “sa moast in bal stopje Albert”

1995


Gelf Eringa is 40 jier lid fan SDS, is dan 56 jier âld en spilet bij SDS 35+.  Gelf giet meast op eigen gelegenheid nei de útwedstriden en spilet meast in helt. Gelf is sa fûl as wat yn it fjild mar konfrontaasjes lost it er op mei in humor. Want Gelf stie foaral bekend om syn humor, syn lytse grapkes en moaie ferhalen.

Gelf wurdt Age 56

It wie de op in woansdeitejûn dat SDS 35 + fuotballe moast foar de beker yn Easterein.  Nei ôfrin de tredde helte yn de kantine mei it Europeesk fuotbal der bij.  Yn dy tiid begong it dat teksten ûnder yn it byld kamen mei de leeftyd fan de spiler. Frjemd genôch wie dat doe ek al yn it Ingelsk.  Age 24 stie der, of Age 28…. De link mei Gelf waard makke….do bist dus Age 56….En sa feroare dêrnei elk jier Gelf syn namme…Age 57, Age 58, Age 59 oan Age 79 ta….

Age 58

Ek op 58 jierrige leeftyd die hij gewoan noch in helt mei en yn dat jier skoarde hij  ek  noch in kear, wylst hij meast bekend stie om syn foarsetten en syn paskes . Tsjin meispilers dy’t neat diene mei syn moaie paske sei hij altiten: “Ik kin se net moaier jaan”
Krige hij in skofke gjin bal fan syn meispilers, dan rôp hij der net om. “Wij hawwe de selde sjurts oan at se dat net sjogge! , sei hij dan

Gelf yn de Treffer

Gelf as taskôger bij SDS 1


At SDS 1 thús fuotballet, komt Gelf Eringa hast altiten efkes te sjen mei syn ûnôfskiedlike piip en meast op klompen. In krytysk each nei it fuotbaljen en in lústerjend ear nei bekenden. Want Gelf mei graach efkes minsken om him hinne foar in praatsje. Moaie ferhalen hat hij altiten.
At Spannum 1 om 15.30 kuorkebalje moat yn de sporthal, dan sjocht Gelf de fuotbalwedstriid net út. As Spannumer leit syn hert bij dy sport

Gelf en de Treffers


Sûnt 1998 bringt Gelf de Treffers rûn yn Spannum en soarget der foar dat se yn Winsum bij Sybren Wassenaar komme foar it ferfolch.

En moast hij op de foto foar de Treffer, dan gie der earst in kaam troch it hier, want hij wie wol wat idel sei er dan, mei in knypeach.

Troch de Treffer hie ien fan de wepmasters in freonskiplike bân mei Gelf Eringa.
Hij skriuwt er wat oer op syn blog.

Wy sille Gelf misse!

Fan Gelf wurdt woansdei 3 jannewaris 2018 om 14.00 oere ôfskie naam yn ‘e tsjerke fan Spannum. Oanslútend sil de beïerdiging plakfine. Kondolearje kin fan 13.00 oere ôf.