Weppers sneon 28-12-2019

Tredde krystdei kwiske
27 december 2019
SDS-nijjierssit op sneon 4 jannewaris
30 december 2019

SDS 5e op Krystsealtoernoai yn Frjentsjer

SDS is 2e Krystdei 5e wurden op it Krystsealtoernoai yn Frjentsjer. De earste wedstriid waard ferrassend mei 1-0 wûn fan koprinner Fysio Rozengracht en dat soarge der lyk foar dat SDS al sa goed as wis wie fan de finaleronde. De twadde wedstriid wûn SDS mei 3-0 fan Zandstra/v.d. Meer en úteinlik gie de lêste wedstriid yn de poule mei 1-0 ferlern fan Sportcafe De Trije.
Yn de 8e finale mocht SDS it opnimme tsjin it altiten lestige Futsal Scharringa, sis mar VV Oosterlittens. SDS fuotballe mei Jaap Toering, Tsjipke Okkema, Remco Hijlkema, Pieter Sijtsma, Matthijs Postma, Johannes Tichelman en Willem Wijnia. Hjirby moast Remco de lêste poulewedstriid al sjitte litte om in itentsje mei de skoanfamilie en foel Tsjipke yn de earste minút tsjin Futsal Scharringa al út mei in hamstringblessure. Doe ’t Pieter inkelde sekonden letter ek noch in giele kaart krigestie SDS ek noch mei in man minder yn it fjild. De taktyk moast oanpast wurde en Futsal Scharringa mocht de bal wol hawwe. Op de kounter en it toskfleis waard mei 2-0 wûn.
Yn de kwartfinale mocht SDS tsjin Keizer Autoschade. Sûnder wissel koe SDS net oars as de Frjentsjerters komme litte en op de kounter gokke. SDS krige miskien noch wol de beste kânsen, mar ien onoplettenheidsje efteryn by SDS soarge foar it úteinlike 1-0 ferlies. Uteinlik levere dit in 5e plakje op. Coach waard úteinlik winner fan it toernoai mei coach Frank van der Zee.
Sjoch foar alle einstannen yn de poules hjir.

OFK 45+

Op sneontejûn 1 febrewaris is der it OFK 45+ yn de seal yn Frjentsjer. SDS sil ek wer mei in ploegje oanwêzich wêze.

Earste training

SDS 1 begjint op tongersdei 2 jannewaris alwer mei de earste training fan de twadde seizoenshelte. De groep is dan noch kompleet, want de dei hjirnei giet in grutte groep op wintersport.

Earste oefenwedstriid

De earste oefenwedstriid fan SDS 1 is op tiisdeitejûn 14 jannewaris yn Easterein tsjin vv Nijland 1.

Aldjierssealtoernoai yn de seal yn Easterein

Op âldjiersdei kin der wer folop sealfuotballe wurde yn de sporthal yn Easterein. SDS’ers dy ’t it leuk fine om efkes yn de seal te baljen kinne om 14.00 oere los.

SDS-nijjierssit op sneon 4 jannewaris

Hasto dy al opjûn foar it fuotbalmikstoernoai of it klaverjassen op de SDS-nijjierssit? Doch dit dan gau hjir en wy meitsje der in noflike middei fan.

Harsens derby (2196)

Dit wie wol de meast knotsgekke wedstriid fan 2019. Go Ahead Eagles – RKC yn de neikompetysje foar promoasje nei de Eredivisie. En dan te betinken dat de fersoarger fan RKC yn de rêst reanimeard wurde moast….