Weppers sneon 22-6

Harsens derby!!
19 juni 2013
Alde doaze weppers
23 juni 2013

SDS 1
De yndieling fan it amateurfuotbal foar standert teams is bekend. SDS mei meidwaan yn klasse 3A. Opfallend is dêrbij dat der yn tsjinstelling ta dit jier gjin polderploegen mear yn 3A sitte. It wurdt net allinne reizen nei it súden en westen mar ek nei it noarden.
 

KNVB – yndieling amateurs
Alle oare klassen fan earste alvetallen yn it amateurfuotbal kinne jim
hjir fine.

Fraachjes
Wij krigen juster fia twitter ek al wat fraachjes binnen at de lieders en trainers fan de jeugdalvetallen foar atkemjier al bekend binne. Nee dus, at dy bekend binne dan sjogge jim it op dizze side stean.

Efkes Balje
Tusken de Wommelser, Itenser en Eastereinder feesten en tusken de buien fan hjoed en moarn waard der wer Efkes Balle op it prima bespylbere fjild yn Wommels. Gjin kalklinen noch, mar wol in keatsline, omdat der al in keatsfjild útlein wie foar moarn.
Dat joech wat betizing bij Ferry Korbach dy’t it keatsen krekt ûnder de knibbel hat (of krekt noch net) want hij woe hieltyd in blokje delsette op it plak wêr’t de bal oer de line gong.
Der wie mear betizing. Sa as it tellen. De bedoeling is dat je doelpunten fan beide partijen telle en net allinne fan je eigen. De jongste dielnimmer hie it dêr dreech mei. Betizing joech ek de auto fan Klaas. In pass bedoeld foar Klaas plofte tichter neist syn auto del op it parkearterrein dan op Klaas syn foet. 18 – 18 stie it om 20.30 en doe moasten der noch twa makke wurde. It sil jim gjin nije dwaan dat 7 útbluste spilers de tonge op it lear hingjen hiene en net mear yn steat wien dy lêste te meitsjen. Mar de achtste wol. Hij sparre him justerjûn. Tusken al dy konserten yn fan Bruce yn Hannover en Kings of Leon op Pinkpop en Bruce yn Nijmegen en Eastereinder Rock skoarde hij de alderlêste. Pieter, hij is gewoan wat
taaier as de rest
Nije wike is der gewoan wer in Efkes Baljen. It koe juster noch krekt sûnder ljocht (om 20.30 oere) en dat op de langste dei.

Letter miskien wol mear komkommer nijs