Weppers sneon 19-12

Weppers freed 18-12
17 december 2009
Weppers snein 20-12
20 december 2009

Hylke
Hylke Schrale, twa jier lyn trainer fan SDS 2 en no trainer fan Leeuwarder Zwaluwen 2, giet takem jier as haadtrainer nei Makkum.

Min nijs
Sa’t jim witte is der in sealkompetysje foar bepaalde teams. Ferline wike gie der wat mis bij de D’s yn Boalsert. No krije wij in reaksje fan Siets van der Horst fan E3:
sds e3 moest vanmiddag in st.nicolaasga zijn eerste knvb zaalvoetbalwedstrijdspelen.
door de weersverwachting even met de sporthal in st.nicolaasga gebeld.
blijkt dat ook hier de hal is overgeboekt, sds e3 hoeft dus vanmiddag helemaal niet te voetballen, want staan niet op het programma.
heel jammer en gelukkig zijn we er niet door de sneeuw helemaal heen gereden.
nu maar een sneeuwballengooi wedstrijd houden.
 
r. sietske

Goed nijs
Der is ek goed nijs. Yn Wommels is de iisbaan iepen! Der kiin dus in streekje setten wurde op dizze winterske dei.

Krysttoernoai Frjentsjer
2 teams slucht fol SDS’ers dogge jûn en 2e-Krystdei mei oan it jierlijkse Krystsealtoernoai yn Frjentsjer. By SDS dogge Jaap, Tsjipke, Skelte, Erik, Jelmer, Feite en Willem mei. By Hanzedruk fuotbalje û.o. Sytze K., Jildert, Freek, Martin, Sicco en Wytse. Fierders sil der noch wolris ergens in ferdwaalde SDS’er by fuotbalje. Sa sit André Bons by Happy Boys en spilet hy tsjin SDS.
Jim kinne hjir it folledige programma fine.

Bierbad (2)
Juster koenen jim hjir lêze dat in bierbad goed wêze soe foar de spieren. Wy wisten net as dit de striker fan SDS 1, Dooitze Nauta, wol wat ta like. Syn broer Anne-Harm Nauta lit ús witte dat Dooitze hjir heechstwierskynlik net negatyf tsjinoer stiet:
Dooitze hald ek wol fan in bierke. Dat sjochts oan syn bûkje
J
Hy hat efter yn de tún in swimbad lissen. Ut betrouwbare bron ha ik heard dat hy yn jannewarris yn bierbadfestijn organiseare wol foar de 1e seleksje. Dit om SDS 1 fan de lêste plak te krijen.. As paardenmiddel!!!
Groetnis,
Anne Harm Nauta
Photo
Dick, Anne en René hawwe it bierbad al efkes testen…..

Urinea……….
Jens Lehmann moast yn de CL-wedstryd tsjin Unirea Urziceni efkes út de broek om te Urinea …….