Weppers sneon 18-8

Seleksjes bekersneon en oar nijs
17 augustus 2012
Weppers snein 19-8
19 augustus 2012

SDS 1 – Zeerobben 1  (beker)
Wa’t de seleksje fan SDS 1 fan te foaren beseach, wie no net gelyk hiel optymistysk. Betûfte earste alvetalspilers misten omdat der ek noch keatst wurdt en omdat der ek tige muzikale spilers binne dy’t Lowlands net misse wolle.
Tusken de peallen stiet normaalsprutsen in doelman. Dizze kear stie Elger Turksma dêr. Gewoanwei is hij rjochtsbek no hie hij de wanten oan. It wie dúdlik te sjen dat hij (noch) erfaring mist. Mei  dêrtroch wie it foar Zeerobben maklik om te skoaren. Minút 4, minút 23 en minút 41 soargen foar in 0-3 stân.
SDS kaam werom yn de wedstriid troch in koart nommen korner en it wie Dirk de Jong dy’t skoarde.
Nei de tee makken Tjeerd de Vries en Johan Postma plak foar Ayanle Barkat en Wietze Fopma. Zeerobben wie wol de bettere ploech mar fierder as in hurd skot op de latte kamen de seunen net.
SDS wol. Sij skoarden yn minút 53 de 2-3. In moaie frije traap fan lofts waard yn de fierste hoeke dellein troch Wytze Lanting.
Ruurd Visser makke ek syn debút yn de haadmacht fan SDS. It bleau spannend. Koe SDS de gelykmakker noch meitsje of koe Zeerobben de 2-4 op it boerd sette. Neat fan dat alles. It bleau 2-3. Komplimenten binne op syn plak foar dizze jonge ploech. Hoewol, de útblinker wie oanfierder Harm Stremler.  Hij soarge foar rêst efteryn, hij loste in soad probleemkes taktyrk en technysk geweldich op en hij wie sels ferbaal oanwêzich om syn jonge ploechgenoaten te plak te setten.
(ah)

Leeuwarder Zwaluwen 2 – SDS 2      5-0  (beker)
Net min spile, mar wol ferlern. In fersammeling spilers fan SDS 2 oant en mei SDS 5  koene it net oprêde tsjin de Sweltsjes.

Spilers SDS B1 – let op
Nogmaals het verzoek aan ALLE B spelers om hun e-mail adres te sturen naar
bouke.bouma@home.nl en boudewijn64@hotmail.com
Behalve Wietse Vink en Bouke Fopma, die hebben al gereageerd op de vorige oproep.
We starten binnenkort weer met de trainingen, hou dus de site in de gaten, de trainer(s) geven aan wanneer de
eerste training is.
Zonder e-mail adressen kunnen we jullie niet bereiken, het is dus in ieders belang dat de leiders alle gegevens compleet hebben.
Nogmaals, let op de site voor de trainingstijden, de trainer(s) hebben het liefst de groep compleet.
 
Boudewijn en Jan Bouke.

Letter mear