Weppers sneon 15-6

Weppers tongersdei 13-6
12 juni 2013
Yndieling jeugd 2013-2014
16 juni 2013

Efkes Balle
Mei de flagge op de toer, de botsautomuzykklanken op de eftergrûn en it entûsjasme fan de Efkes Ballers soarge wer foar in
suksefolle edysje.
Nim no Johan Heerma, altyd like entûsjast mar no optein as in ein. Hij kombinearde syn fuotbalkwaliteiten wer mei syn útsûnderlike  “dybalkomtnetoerdeline”  kearderskwaliteiten. It rôp sels de fraach op at it feest fan Wommels dêr juster ek in rol ynspile.
Sa stiene Harrie, Ferry en Bonne fanút Itens/Hinnaard al ier en betiid klear. De fjirde man út Itens dy’t ferline wike syn debút makke, wist net dat syn foet yn in wike sa groeie koe en wie noch altiten dwaande om syn bril wer yn goeie posysje op de holle te krijen.
Dan wie der noch it opfallende debút fan Stan Korbach ek hij rolle út “de bus fan Itens”. Sa jong al it debút meitsje op Efkes Balje, dat fersjogge in grutte karriere.  Folkert Rients, oars ek reedlik trou dielnimmer liet it ôfwitte mar…hij stjoerde soan Douwe Jan. Dy twa jonge talinten út de E’s diene it prachtich en wiene op fersyk bij de partij sûnder hesjes: dat begrepen wij wol want oars sjogge wij de namme (Messi of sa) fansels net.
Moai dat Auke der ek wer wie (Easterein forever) en ek moai dat Klaas de tinte foarbij riden wie sûnder der yn te dûken.
Nei 55 minuten wie it 13-13 en koe de winnende de beslissing bringe: Ferrie, Stan, Douwe Jan, Johan en Bonne einigen op in teloarstellend ien nei lêste plakje en Klaas, Auke, Harrie en Aant behellen in skitterjend twadde plakje. Nije wike gewoan wer.

Olympiade
Hjoed kinne je op ien plak trije Fryske sporten sjen. De Fryske Olympiade mei skûtsjesilen, mei keatsen en mei fierljeppen wurdt holden yn de buert fan Burgum. Wij sjogge der mar fanôf want it FRysk damjen net meidwaan mei dan fine wij der neat oan.

KNVB
Hjoed it it kantoar fan de KNVB oant fannacht 24.00 oere iepen omdat der noch al wat letter transfers ferwachte wurde.

Opfallend
sc Joure (sneins) dat noch altiten oan it fuotbaljen is yn in hiele lange neikompetysje moast snein de alderlêste wedstriid spylje tsjin Deurne. Mar omdat de Alphense Boys definityf weromsetten wurde nei de earste klasse, is de wedstryd ôflast: beide ploegen meie nei de haadklasse.

Muzyk
Mocht it no hjoed reine en jim soene der net útkinne en jim hâlde fan muzyk dan is Cultura 24 wol wat. Sij stjoere dizze dagen Pinkpop út. In oanrieder.

Jong Oranje
Hjoed sil Oranje oartrede tsjin Italie yn de heale finale.