Weppers freed 10-12
9 december 2010Weppers snein 12-12
11 december 2010Oefenje
SDS 1 sil fannemiddei om 12.15 op it kuenstgersfjild fan LSC oefenje tsjin VV Nijland 1. It fjild wurdt fannemoarn noch keurd (sjoch hjir).
VV Nijland hat harren op in spesjale manier tarieden op de oefenwedstryd tsjin SDS. Wêr ’t de SDS’ers tongersdei noflik yn de kantine sieten moasten de Nijlânders harren yn it swit jaaie op de bowlingbaan (sjoch hjir).
De seal yn
SDS 2 en 3 traine fannemiddei yn de seal yn Easterein fan 14.00 oan ’t 16.00. Wa’t echt net kin moat him ôfmelde by Jan Stenekes: 06-280 680 51
Allegear efkes €2,- meinimme.
Kaarte
Der wurdt fannemiddei wer klaverjast.
We gean los om 13.30 oere.
Kaarte wer 3 bomen.
De ynlis is 3 euro
Anny
Titus-toernoaien
De sealtoernoaien op snein yn de sporthal yn Easterein steane ek wer op it punt fan begjinnen. der steane 3 op de aginda:
19 desimber
9 jannewaris (Horeka-toernoai)
30 jannewaris
Sa hie it wêze kind
In moai affysje bliuwt it. Se wiene al klear. Mar helaas der sil der in oare datum op moatte.
Harsens derby (352)
Dat is in flink boltsje mayo: