Evenementen in december 2022

Utslaggen sneon 8-11
7 november 2008
Weppers moandei 10-11
9 november 2008

Foto’s
Henk Bootsma hat juster wer ferskeidene foto’s makke tidens de wedstryd SDS 1 – Oeverzwaluwen 1. Jim kinne se hjir besjen.

Tsjalling Sikma makket de 1-0.

Berjocht fan de side fan JV Bolsward DA3
In de wedstrijd tegen SDS is Lydia ernstig geblesseerd geraakt. Ze heeft een gecompliceerde beenbreuk opgelopen (scheen- en kuitbeen kapot). Ze is zaterdagmiddag nog geopereerd.Anderhalf uur zijn ze aan het sleutelen geweest. Er zit een metalen pen in haar been.Er kan pas gips om als de zwelling is gezakt. Weer een dikke tegenvaller voor dames 3. We moeten nu nog een speelster voor lange tijd missen! Lydia, vanaf deze plek heel veel sterkte! Zodra je thuis bent, komen we langs! De stand in de wedstrijd was op dat moment 1 – 2; de wedstrijd is gestaakt.

Age 70 krijt in lintsje
Yn de LC fan moandei hawwe se it oer de 69 jierrige Gerlof Eringa, mar wij witte wol better: Age 70 oftewol de 70 jierrige Gelf Eringa hat snein in lintsje krigen. Gelf bringt foar ús de Treffers rûn yn Spannum.
Sjoch
hjir

Gjin wetter
Fan 10.00 oere
oant 13.00 oere wie der sneon gjin wetter yn in grut part fan de greidhoeke. Hoe ferfelend at soks is foar in fuotbalklup wie wer te sjen yn Easterein. Beswitte en smoarge bern dy’t net brûze koene, senuweftige heiten en memmen dy’t net nei it húske koene en kofje dy’t earst net set wurde koe.

Letter wol want printerij van der Eems hie noch wol wat wetter stean en sij brochten in oantal wetterfetten.

Omrop Fryslân
Grut nijs fansels foar Omrop Fryslân dat der gjin wetter yn Easterein wie. Sy soenen sa gau mooglik komme om bylden te sjitten fan toarstige taskôgers en smoarge bern. Sy kamen al wat te let, want it wetter stie der om 12.43 al wer op. Der binne lokkich genôch gjin slachtoffers fallen……

Ralph
Bij SDS 3 stiet Ralph Wariman yn de ploech. Ralph wol fansels ek graach skoare, want hij hat ús wolris melden dat hij ea de kluptopskoarder wurde woe. Dit jier skoarde hij al twa keer. Mar Ralph sil nea topskoarder wurde oft hij net kopt. Ralph is net in leafhawwer fan koppen. Sneon liet hij sjen dat it allegear oars wurden is no. Mei in snoeihurde kopbal soarge Ralph foar it ienige SDS 3 doelpunt.

Tikkie Terug-Jaapklassemint
Dizze wike op ‘e nij in persoan derby yn it Tikkie-Terug-Jaapklassemint. It wie Jentsje Jorritsma dy ’t juster by SDS 3 fraai ynskeat. Der kaam in hege bal fan de sydkant, Jentsje koe de bal mei rjochts it Iselmar ynlelle, mei de kop de bal netsjes nêst de goal lizze of mei lofts de bal snoeihurd efter syn eigen keeper Stefan knalle. Spitich genôch keas Jentsje foar it lêste.

Fytse
Fan middei is der in toertocht op de fyts fan 13.65 kilometer. Omdat it sa’n moaie omjouwing is wurdt it rûntsje trije kear fyts. De start is bij kafe Bergsma. It sil wol gesellich wurde tinke wij.

Muzyk
Ek foar gesellige minsken is it optreden fan Ernst Langhout. Fannemiddei om 16.30 oere yn it Dielshûs. Tegearre mei fiolist Hans Battenberg sille der hiel wat Fryske en Ierske lieten te hearren wêze. In  sopke en in broadsje der bij en dat foar 5 euro yntree.

SC Heerenveen
De fuotballeafhawwers dy ’t neat mei fytsen en musyk hawwe kinne fannemiddei te plak yn de Jimbar. Om 16.30 is dêr ADO Den Haag – SC Heerenveen libjend op it grutte skerm.

Breinroer
It toanielselskip Breinroer hie juster de premiere fan de foarstelling de tredde helte yn de kantine fan SDS. Nei in fuotbal miel yn kafe Bergsma gie it selskip yn optocht nei de Skoalleseize. Ek in oantal minsken fan SDS hawwe de foarstelling op útnoeging bijwenne en ús oardiel wie dat it net tafoel. Foto´s binne te sjen op dizze side.

Meilibben
Tom: “Heit, tsjin wa moat Feyenoord hjoed?”. “Tsjin Utrecht”, seit syn heit. “Oh, dan moat Feyenoord mar winne, want oars fyn ik it sa silich…………………”


Goal
SDS 3 krijt de goals dit seizoen wat te maklik tsjin, mar dit bard sels by SDS 3 net: