Weppers moandei 10-11

Weppers snein 9-11
8 november 2008
Weppers tiisdei 11-11
10 november 2008

Jiergearkomst
Kommende freed is om 20.00 yn de kantine wer de jierlikse ledengearkomst fan SDS. Wy hoopje op in soad minsken. Sjoch hjir foar de útnoeging en de wurklist. It ferslach fan de foarige ledefergadering en it jierferslach kinne jim opfreegje by info@vv-sds.nl , want Immie har komputer is kaduuk(lykas dy fan Enne en dy fan Aant û.o.).

Maskotte

SDS 4 hat sûnt koart syn eigen maskotte. Net degene dy’t links op de foto stiet mar de baarch rjochts. Want bij SDS 4 hâlde se wol fan oppotte. De spilers moatte sneons al harren lytsjild ynlevere en at er yn de tredde helt wat oerbliuwt (wat wij ús net foarstelle kinne) komt dat der ek yn. Wêr’t it bedrach oan besteed wurde sil, is net dúdlik. In bijdrage oan in bernewein heart ta de mooglikheden. Mochten jim in relaasje lizze tusken in bernewein en Coen dan leit dat oan jim eigen fantasij.

Goeie tip

Harm Auke lêst de krante altiten goed. Hij pikt de dingen op dy’t syn libben ferrykje. Ek tinkt hij yn ploechbelang fan SDS 5. Sneon stimulearde hij syn ploechgenoaten troch boppesteand artikel yn de klaaikeamer op te hingjen. De tip wie wat oan de lette kant en levere dan ek noch gjin punten op.

Rûnom Easterein
Juster waard de takomstige klassiker Rûnom Easterein fytst. Om 14.00 wie it startskot en om 16.30 wie eltsenien sa ’n bytsje binnen. By de mannen waard Germ Bootsma en by de froulju wûnen Judy Bergsma en Annemieke Poelsma. Beste SDS’er wie Feite de Haan mei in fertsjinstlik 3e plak:

Sjoch foar mear foto’s op de side fan Henk Bootsma.

Gjin kampioen
PSV ferlear ek dit wykein wer. Wy ferwachtsje (en hoopje) dan ek net dat sy dit seizoen kampioen wurde. Dit filmke is út de tiid dat it noch hiel goed gie by PSV. Sibon spile noch by PSV en Affelay wie noch in bleu jonkje:


Moarn mear!
As Aant syn komputer ek wer normaal wurket…….