Adreswizigingen
8 januari 2022Oplossing Krystpuzzel Treffer
12 januari 2022Gjin nijierssit
Wat hienen wy juster graach mei jim it nije jier ynliede wollen mei in alderaardichste SDS-nijjierssit. Hooplik folgend jier better. Foar it gefoel efkes wat âlde SDS-nijjierssit-foto’s út 2009.
Klearstean foar de snertrin.
De snertrinners Sipke, Pep, Tiny, Oebele en Anne.
De snertskeppers Eke en Annie en snertiters Dick en Henk.
Doe ’t je mekoar noch in hân jaan mochten.
Doe ’t de polonêse noch net op 1,5 meter ôfstân hoechde en sels Aant meirûn yn de polonêse.
Doe ’t je noch op de tafels dûnsje mochten 😉
Wol trainen
No ’t der juster gjin nijjierssit wie en de mannen fan SDS 1 it ynbaarnt om net fuotbalje te kinnen hawwe de mannen fan SDS 1 dochs efkes traind binnen de Korona-rigels. Yn groepkes fan 2 op 1,5 meter ôfstân. Dan binne je dochs efkes los.
Wer traine
Mei de nije Koronarigels per 11 jannewaris mei de jeugd oant en mei 17 jier wer traine sûnder beperkingen. Wy sille dan ek probearje safolle mooglik teams wer traine te litten kommende wike. De boksen en de kantine bliuwe al op slot.
Gjin Treffer
Hawwe je gjin Treffer krigen, mar binne je wol lid, frijwilliger, Freon of stiper, lit it ús dan efkes witte fia info@vv-sds.nl.
Harsens derby (2339)
Skerp!
— unfortunate football moments (@unluckyfootie) January 8, 2022