Weppers snein 8-12

Ut en ferslaggen 7-12
6 december 2013
Sealtoernoai E-pupillen
8 december 2013

SDS 2 blier?
It fertrouen by SDS 2 wie grut. Dizze foto fan Henk Bootsma waard makke doe ’t de mannen op wei wienen nei it fjild foar de twadde helte wylst sy 2-0 efterstienen. Wy hawwe gjin foto’s fan nei de wedstryd……….

Of soe dit noch wêze troch de komst fan Sinteklaas ôfrûne tongersdei?

Ús mem
Jacob-Klaas frege juster krekt foar de wedstryd fan SDS 1 yn de boks as hy de tillefoan fan Anne Brouwer wol efkes liene mocht:
“Mei ik ús mem wol efkes belje? Sy hat de ferkearde noppen ûnder myn fuotbalskuon setten……..”

Foto’s SDS 1 – NOK 1
Henk Bootsma hat juster wer allegear foto’s makke tidens SDS 1 – NOK 1. Jim kinne se
hjir besjen.

Fotosjeniker as Jaap de Blaauw binne se net te finen.

Efter de bar
Juster wienen der yn de kantine gjin barfrijwilligers te finen sadat der twa fan SDS 2 efter de bar moasten om Pieter Sybesma te assisteren. Neffens (de measte) tsjûgen wie dit in grut súkses en kin dit wolris faker. Dan wol wer twa oaren fansels.

Harsens derby(1166)
Toettoet!