Weppers snein 7-9

Utslaggen sneon 6-9
5 september 2014
Weppers moandei 8-9
7 september 2014

De nije SDS-League
Dochj ek mei oan de SDS-League! No t der hjoed dochs gjin fuotbaljen op de tillevysje is kinne je it formulier moai efkes ynfulle. Sjoch hjir foar alle ynformaasje en hjir foar it formulier.

Twa
De wedstryd juster fan SDS 1 út tsjin Waterpoort Boys 1 kinde dúdlik 2 gesichten. Sa skoorde Tsjipke Okkema 2 kear foar SDS en pakte hy dêrnei 2 giele kaarten. Hjirnei skoorde WPB 2 kear. Nei 2 reade kaarten foar WPB nei 2 kear 2 giele kaarten gienen úteinlik 2 ploegen mei 1 punt nei hûs..

Panna
Harm Stremler gie juster mei SDS 2 nei Heerenveense Boys 2 en seach út nei in wedstryd tsjin De Boys wêr ’t hy no in kear net tsjinoer superspits Gabe Teun Top hoefde te stean. Jierren stie Harm mei SDS 1 tsjin dizze topper en de spits fan Heerenveense Boys 2 soe seker minder wêze. De lol bekaam Harm al gau doe ’t hy it fjild ynrûn. Ynderdaad! Gabe Teun Top fuotballe no mei Heerenveense Boys 2 mei en stie tsjinoer Harm. Lokkich genôch wûn Harm it duel al. De twa meter lange Top skoorde net en moast ek noch in panna fan Harm ynkassere. Wol skeat Top twa kear de latte hast yn twaën.

Tsjin 9 man?
Oudega 2 ferlear juster tsjin 9 man fan SDS 5 mei 2-1…. SDS 5 hie namelijk te min man en kaam opdagen mei 2 froulju. Sawol Marije de Vries as Geeske Yntema spilen in knappe pot! Sjapoo!

Wheagan
De leider fan SDS 2, Jeroen Brouwer, stie juster ûnderweis nei Heerenveense Boys mei panne oan de kant fan de dyk. Lokkich soarge Wheagan gau foar in ferfangende auto sadat Jeroen dochs noch op ‘e tiid yn Heerenveen oankaam.

FerGeert?
Sûnt Kenneth Vermeer fan Ajax nei Feyenoord gien is liket alles feroare. Sa stie Feyenoorder Geert Hiemstra te wedstryd Waterpoort Boys 1 – SDS 1 te sjen fan efter dit boerd:


Gjin bûtenspul
Juster by Heerenveense Boys 2 – SDS 2 koe de wepmaster sûnder burd wer ris allinnich op de keeper ôfdrave nei in lange doeltraap fan Feite, wie it net dat de grinsrjochter flagge en de skiedsrjochter ôffluite foar bûtenspul……………
Wy lizze it by dêrom noch ien kear út:
As de bal út it fjild west hat en je hervatte dêrnei it spul dan kinne je net bûtenspul stean! Dit jild dus foar korners yngoaie én doeltrapen!

Harsens derby(1332)
Fansels makke Neymar in prachtige frije traap foar Brazilië tsjin Colombia, mar wy fûnen dit hakje ek wol aardich.