Utslaggen sneon 6-9

Weppers freed 5-9
5 september 2014
Weppers snein 7-9
7 september 2014

Mochten jim fuotballe hawwe, mail dan de útslach, in koart ferslach, foto’s, doelpuntenmakkers, bysûnderheden, eigenaardichheden, apartichheden, nuverheden en wat ik mar nei dizze adressen en skilje de útslach efkes troch nei de kantine: 0515-331700.
Twitterje @ff_sds mei fansels ek!

09:00 SDS D1 L. Zwaluwen D2  20-0 
09:00 SDS E1 Oosterlittens E1  8-1 
10:10 SDS E5 FVC E4  0-2 
10:30 SDS B2 Top’63 B1  1-11 
14:00 SDS VR2 Friesland VR1   
14:30 SDS 5 Oudega 2  2-1 
        
09:00 Bolsward E2 SDS E2  5-3 
09:00 Mulier F1 SDS F1   
09:00 SJO Oudega/HJSC E2G SDS E4  1-2 
10:05 Mulier D2 SDS D3  0-7 
10:00 Harlingen F2G SDS F2  2-5 
10:30 Bolsward B1 SDS B1  5-0 
11:45 ST IJVC-Blauwhuis D1 SDS D2  3-1 
12:30 Heerenveense Boys 2 SDS 2  3-1 
12:15 MKV’29 A1 SDS A1  2-2 
14:30 Waterpoort Boys 1 SDS 1  2-2 
14:30 Franeker SC 5 SDS 4  2-7 

Efkes Balje
In oantal saken binne fan belang om it Efkes Baljen ta in sukses te meitsjen:  Entoesjasme, in pear moaie doelen, grien koartmeand gers en in even oantal leafhawwers.
Dat lêste gie freed al wer net op dus is it fan belang dat de hesjes goed ferdield wurde.  Dat duorre juster efkes langer as gewoan ek al omdat der twa debutanten wiene (Henk en Bram) mar dat lange wachtsjen die wol fertuten kin ik hjir yn alle beskiedenheid delsette.
Nei de reguliere partij wêr’t wikseljende kânsen wiene foar beide partijen en wêr’t omraak mikt waard op alles wat boppe de knibbel siet, wie de stân 12-12. Moaie doelpunten en úteinlik gjin ferwûningen.
In moai momint  doe om it “twa beslissende doelpuntenwedstriidsje” yn te gean. Guon (de 5) hiene harren nocht en makken binnen ien minút twa doelpunten, sadat de 6 ferlern hiene foardat se der erch yn hiene. Nije wike noch in kear bij ljochtskyndei en skimerljocht yn Wommels en de begjintiid is 19.15 oere.
(ah)

Waterpoort Boys 1 – SDS 1 2-2
SDS 1 pakte ien punt yn Snits nei mei 2-0 foar stien te hawwen. Trije reade kaarten, gjin penalty en fjouwer goals moat in moai ferslachje opleverje kinne tochten wy sa. Wy binne benijd wa ’t yn de pinne klimt.

Heerenveense Boys 2 – SDS 2 3-1
SDS 2 koe yn de earste wedstryd fan it seizoen lyk fol oan de bak tsjin foarich jier noch reserve-1e-Klasser Heerenveense Boys 2. De Boys makken lyk dúdlik dit jier foar de titel te gean en makken al gau 1-0. Sy spilen tige fersoarge, mar SDS kaam der geregeld gefaarlik út en hie dé kâns op 1-1. Spitich genôch gie dy der net yn, mar makke Heerenveense Boys krekt foar de rêst wol de 2-0.
De twadde helte makken de Feansters de 3-0 en SDS úteinlik noch 3-1 troch de wepmaster sûnder bril.
SDS 2 spile better as ôfrûne wiken en liket de stijgende lijn pakken te hawwen en kin mei fertrouen nije wike Workum 2 temjitte komme nei dit ferlies tsjin titelkandidaat nûmer 1.

sc Franeker 5 – SDS 4
2-2 bij it skoft mar nei wat taktyske yngrepen waar yn de twadde helte noch 5 kear it netsje fûn. Doelpuntenmakkers: Wichard Deinum, Pieter Sytsma, Ids de Boer, Peter Sijbesma (2) en Harm Auke Dijkstra (2)

MKV A1 – SDS A1
A1 moest vandaag de eerste competitie wedstrijd in de eerste klasse spelen, uit tegen MKV A1.
Na een wat rommelig begin met een paar kleien kansjes voor MKV kregen we de eerste goede aanval van ons na 10 minuten, Pieter de V krijgt de bal, op zijn manier, op snelheid, krijgt hij de bal knap voor, niet helemaal op maat, Almar krijgt de bal, kapt zijn tegenstander uit en scoort beheerst de 0-1.
Daarna werd het een leuke, open wedstrijd met kansjes over en weer, in de 25e min kreeg hun rechtsback alle gelegenheid om mee op te komen, en omdat er niemand van ons ingreep scoorde hij van een meter of 20 een prachtige goal, 1-1.
Tot aan de rust veranderde er niets aan de stand, al hadden wij meer recht om met een voorsprong de rust in te gaan dan MKV.
Na de rust pakten  we het goed op, begonnen scherp en sterk, dat is ook wel ’s anders, en het wachten was op de voorsprong voor ons.
In de 10 e min na rust een zeer mooie aanval, waar veel spelers aan te pas kwamen, met als laatste een goede actie van Almar, maar helaas spatte hij vanaf de kruising terug het veld in.
De scheidsrechter floot niet zijn beste wedstrijd, laten we het daar maar op houden, overigens naar beide kanten, maar hierdoor werd het er niet leuker, en zeker niet beter op.
Toch kwamen we, geheel terecht, op voorsprong.
In de 74e min krijgt Almar de bal, na wat gerommel en goed doorzetten voor, Lourens wurmt zich tussen een paar verdedigers door, zoals hij dat alleen kan en scoort de 1-2.
We hadden toen al met meer goals verschil moeten voorstaan, maar onze voorwaartse zijn nog niet in vorm.
Daarna verloor de scheidsrechter de controle, sommige spelers, ook van ons, het hoofd en werd het een grimmige wedstrijd, waar het een wonder was dat we met 11 tegen 11 zijn geëindigd.
Als er iets kordater opgetreden werd, was dit niet gebeurd, wat er bij een ander gebeurd moeten wij ons niets van aantrekken, maar dat het bij ons gebeurd, daar moeten we wat aan doen en iets slimmer mee om gaan maar daar gaan we iets aan doen.
In de 89e min maakt MKV gelijk, 2-2 en in de laatste minuut bezorgt Bouke ons nog een punt met een goede reflex en dito redding.
Ik weet nu niet of we een punt gewonnen hebben of 2 verloren, we hebben gestreden voor wat we waard waren, inzet was zeer goed, voetbal zo nu en dan ook goed, teamprestatie geweldig, punt in een uitwedstrijd, kortom, een redelijk tevreden coach zo na de eerste wedstrijd.
Boudewijn.

Mulier F1 – SDS F1
Ofrûne sneon de lêste bekerwedstriid tsjin en yn Mulier Witmarsum. Ik wist fan it foarige seizoen dat it dreech wie, mar sjoen de oare útslagen fan Mulier soe in oerwinning d’r wol yn sitte kinne.
De mannen begongen dan ek skerp en nei sa’n 5 minuten waard de skore iepene troch Yke. Doe gong it lekker; d’r waard al aardich oerpaast en ek waarden de bûtenkanten goed brûkt! Al gau makke Yke de twadde en de tredde goal. Niels soarge foar de 4-0, Yke dêrnei foar de 5-0 en Niels foar de 6-0 en 7-0. Sa gongen we de rust yn. Stern hie de earste helte keept en mocht no yn it fjild stean, Niels stie no yn de goal. Mar ek by Mulier stie in oare keeper en die hat aardich wat ballen tsjin holden! Dochs wisten wy noch twa kear te skoren: Yke en Jesse. De einstân wie 9-0! Mei de penalty’s hawwe wy ek noch 5 kear scoort en hat Niels in protte tsjin holden. Wa docht him dat nei? Trije kear skoren en dan mar twa ballen trochlitte fan de 9! Super!
Mar wat hielendal in ferrassing wie (net omdat d’r net fuotballe kin!) Jesse is scouten troch Cambuur!! Marre wy kinne en wolle dy net misse hear!
Anneke