Weppers moandei 8-9

Weppers snein 7-9
7 september 2014
Weppers tiisdei 9-9
9 september 2014

De nije SDS-League
Dochj ek mei oan de SDS-League! No t der hjoed dochs gjin fuotbaljen op de tillevysje is kinne je it formulier moai efkes ynfulle. Sjoch
hjir foar alle ynformaasje en hjir foar it formulier.

SDS 1
“WPB en SDS in spectaculair treffen naar gelijkspel” dat is de kop fan in artikel op de side fan WPB. Sjoch hjir foar in
moai ferslach.

Ferslach B1
Tjerk van der Pol hat in  “alternatyf” ferslach skreaun fan de wedstriid fan B1 yn Boalsert, wêr’t wij allegear wer wat fan leare kinne.  Sjoch
hjir.

SDS D1 glansryk troch yn ‘e beker 

De jongens fan D1 binne troch yn ‘e beker. De earste wedstryd wie op 23 augustus yn Ljouwert tsjin Frisia. Yn ‘e allerearste minut wie it Stan die de 0 – 1 makke. It like dus in makkie te wurden, mar by de earste de beste utfal fan Frisia stie it nei 5 minuten alwer 1 – 1. SDS die der in skepke boppe op en doe die bliken dat us jongens wol in pear klassen better wiene dan de tsjinstanner. Oan it ein fan de wedstryd stie der dan ek in stan fan 1 – 11 op it skoareboerd. De mannen die skoard ha:  Stan (7x), DJ, Michael, Merijn en Tjitse.

Yn ‘e twadde wedstyd thus tsjin Blauw Wit ut Ljouwert, hiene we mear tsjinstan. Blauw Wit hie hun 1e wedstyd wun mei mar leafst 12 – 0 !!!! It die al gau bliken dat Blauw Wit in goed fuotbaljende ploeg wie. It gong de 1e helte gelyk op. Fuotbaljend wiene we aardich gelykwaardich, mar geandewei de wedstryd waard SDS sterker en krige kansen. In penalty waard mist troch Luka, mar letter krigen we noch in penalty en die waard makke troch Tjitse.

Dernei run SDS ut nei 4 – 0 troch goals van Tjerk, DJ en Stan.

De tredde wedstryd wie ofrune sneon thus tsjin Ljouwerter Sweltsjes D2. Dit ferskil tusken beide ploegen wie sa grut dat net ien hjir wat oan hie. Eindutslach: 20 – 0.

Doelpuntenmakkers: Tjitse (7x), Luka(3x), Tjerk(2x), Sander (2x), Anco (2x), DJ, Jeffrey en Stan.

Ljouwerter Sweltsjes fun blykbar 19 – 0 net genoch, en makke derom ek noch in eigen goaltsje. Nye wike begjint de kompetytsje, we hoopje dan op in bettere tsjinstanner. 

Theo Postma.

SDS D2 op de foto
It team fan SDS D2 kaam sneon ek al efkes op de foto:

Groepsapps
Whats-appe is yn. Ek binnen SDS is dat sa. Der binne tal fan groepsapps binnen de klup. Dy groepsapps hawwe hast allegear wol in foto.
Tjerk van der Pol sit yn alle gefallen al yn trije groepen en frege him ôf wa’t de moaiste foto hat as groep. Dus mail ús jim App foto en in deskundige sjury sil nei tûk berie de moaiste of orisjineelste der útsykje.
De trije wêr’t Tjerk diel fan útmakket binne de ûndersteande:

App-foto fan de skeidsrjochters fan SDS

App-foto fan Efkes Balje

App-foto fan de skiedsrjochterskommisje

Triatlon
De swimmers, fytsers en dravers diene sneon in triatlon yn Wommels. Jeugd en âld en alles wat der tusken yn sit leveren in geweldige prestaasje en dat fertaalde him yn
dizze tiden.

Harsens derby(1333)
Niklas Moisander jout in alderaardichst kadootsje wei: