Weppers snein 6-11

Sneon 5-11
4 november 2016
Weppers moandei 7-11
7 november 2016

Lokwinske………Afbeeldingsresultaat voor taart voetbal 14

Wy binne ús jierdei wer ris fergetten………. Ôfrûne freed bestie de webside 14 jier!

Lokwinske!

Wiebe Heeres is hjoed 19 jier wurden! Fan herte lokwinske!

Top!

De famylje Sytsma út Wommels hat oanjûn dat sy de Treffer wol besoargje wolle yn Wommels en nimme hjirby de wyk oer fan Gelf Ykema oer dy ’t ferhúzet nei Frjentsjer! Alfêst tige by tige!

Goeie saken!

SDS 2 hat sneon goeie saken dien yn de kompetysje sûnder sels te fuotbaljen. De konkurrinten VVI 2 en Nijland 2 spilen lyk tsjinelkoar en WPB 2 ferlear fan Oeverzwaluwen 2. Dit betsjut dat SDS 2 sneon út tsjin WPB 2 by winst de perioadetitel pakt mei dêrnei noch ien wedstryd te gean.

Ferslach  WPB 1 – SDS 1

Op de webside fan Waterpoort Boys kinne jim ek in útgebreid ferslach fine fan de wedstryd fan juster tusken WPB 1 en SDS 1. Sjoch hjir.

Bruorrenstriid

Juster spilen de bruorren Rijpkema tsjinelkoar by WPB 1 – SDS 1. Stefan op goal by WPB 1 en Marco efteryn by SDS 1. Krekt foar tiid hie Marco de 2-2 op de holle foar SDS 1, mar de bal gie spitich genôch krekt oer. Soe dy útbundich juicht hawwe? Wy sille it nea witte. Op de webside fan WPB stie freed in alderaardichst stikje oer de bruorrenstriid. Sjoch hjir.

Op!

Sneon wie Pieter-Lieuwe van der Valk al om 10.30 oere op it sportpark wylst hy pas om 14.30 oere mei SDS 3 thús hoefde te fuotbaljen. Fansels spilen der allegear omkesizzers by sawol SDS as Arum om efkes by te sjen, mar hy hie best efkes letter komme kinnen. Op de fraach wêrom hy al sa betiid op it sportpark wie hie hy dan ek in dúdlik antwurd; ‘de kofje wie thús op…………’

Hoe is it mei Hendrik?

WPB 1 - SDS 1 65 novimber 2016 Hendrik de Jong

Foto Henk Bootsma

Hoe soe it mei Hendrik de Jong wêze? 😉

Wenne

Foar in soad minsken is de nije SDS-side noch altiten wenne lykas foar ús wepmasters. Sa binne de útslagen en wedstriden noch altiten net goed te sjen op tillefoan en tablet. Wy sille hjirfoar in oar abonnemint hawwe moatte op Sportlink en dat bringt ekstra kosten mei him mei. Ynkoarten sille wy dat oanpasse. Foarearst kin it al helpe om de tablet op side te hâlden as je de útslagen opsykje. Dan past it wol op it skerm. Op de tillefoan wol dit net. Op de kompjoeter is alles hartstikke moai te sjen en binne der gjin problemen.

Top!

SDS JO-15-2 wûn juster knap mei 6-1 fan Mulier JO-15-1Gd. Dat koe fansels ek net misse nei sa ’n prachtige teamfoto.
sds-jo-15-2

2 kear

Evan de Jong spilet by JO-9-1 en hy wist dondersgoed te fertellen hoe ’t sy sneon fuotballe hienen.; ‘2 kear skoord,………………… en 8-0 wûn!’

Kloaten

Gudelj wol net ynfalle en is werom set nei Ajax 2. Tongersdei wie hij al op syk nei syn kloaten, Dy hat hij dus yndie net.

Gudelj wol net ynfalle en is werom set nei Ajax 2. Tongersdei wie hij al op syk nei syn kloaten, Dy hat hij dus yndie net.

 

Berenloop

Hjoed is de Berenloop op Skylge. Der binne fêst ek SDS’ers dy ’t meidogge. Wy winskje harren in soad súkses!
Dy Berenloop wie oars ek krekt wat west foar de wepmasters………. (sjoch hjir).

Harsens derby (1787)

De froulju fan SDS Vr.1 moatte moandeitejûn út tsjin Oudega Vr.1 fuotbalje. It is de muoite wurdich om efkes yn Aldegea te sjen, want sa ’n goal as dizze sjogge je by Vr.1 hast eltse wike 😉