Weppers moandei 7-11

Weppers snein 6-11
6 november 2016
Oanmelde skiedsrjochterskursus
7 november 2016

Ledengearkomst

Woansdeitejûn om 20.00 oere is der wer de jierlijkse SDS-ledengearkomst. Wy ferwachtsje jim dan ek allegear. Auke-Jetze hat om 19.45 de kofje brún en fansels krijt eltsenien ek wer de tradisjoniele gefulde koek. Kom allegear!
Sjoch hjir foar de aginda.

SDS Vr 1 jûn los yn Aldegea

18.45  fuort
20.00 fuotbalje

Alize, Lysanne, Hester, Akke-Rixt, Amarins, Agnes, Sieta, Alissa, Sanne-Rixt, Janieke, Tjitske, Jeska, Rajsa, Gerry-Edou en Geeske.

Flagger: Bertus Bootsma

Nije ledenadministrateur!

Tina Wiegers har perioade as ledenadminsitratrise fan SDS sit der op en dat betsjut dat wy op syk moasten nei in ien dy ’t dit fan har oernimme wol. Dizze hawwe wy fûn yn de persoan fan Anco Elgersma. Hjir binne wy tige mei ynnommen!

Spesjaal

De streekderby tusken WPB 1 en SDS 1 is altiten spesjaal. Foar ien man yn it bysûnder. It is ynmiddels 8 jier werom dat Floris Hiemstra op it fjild fan WPB in hertstilstân krige. Floris hat dêrnei net wer fuotballe en is noch geregeld by wedstriden west tusken WPB 1 en SDS 1 as taskôger. Ôfrûne sneon wie it efkes oars. No ’t hy lieder fan SDS 1 is libbe hy dochs oars nei dizze wedstryd ta as oars. Hy twifele sels efkes as hy it wol oandoarde om der hinne. Lokkich genôch is hy wol west en it die ús tige goed om te sjen hoe ’t hy him as in fisk yn it wetter fielde op it plak wêr ’t syn libben ea oan in siden triedsje hong.

Komplimenten

It sit SDS/Scharnegoutum JO-19-1 net mei dizze kompetysje. Sy hawwe it dreech yn de Haadklasse en hawwe inkelde kearen mei grutte sifers ferlern. Dochs hâlde de mannen de kop der foar en bliuwe sy fjochtsjen foar de earste punten. Ôfrûne sneon slagge dit hast by Zeerobben JO-19-1. It fuotbaljen wie hartstikke goed en der siet seker in puntsje yn, wie it net dat Zeerobben sawol in ûnterjochte goal as in ûnterjochte penalty meikrige……….. 2-0…….

Ien doelpuntsje

De doelpuntenlist hat nei sneon net folle oanpassingen nedich. Jelmer Posthumus wie de ienige dy’t skoarde. SDS 2 wie frij, SDS 3 wûn mei 1-0 mar lieten de Ljouwerters it doelpunt skoare en SDS 4 ferlearen sûnder te skoaren. SDS Vr1 komt jûn yn aksje

Harsens derby (1788)

Handich sa ’n tafeltsje krekt njonken it fjild…….