Weppers snein 5-9

Utslaggen sneon 4-9
3 september 2010
Weppers moandei 6-9
5 september 2010

SDS League

De formulieren foar de SDS League binne klear. Sy sjogge der iets oars út dan dat jim fan ús wend binne. Graach gau ynfulle, want wy wolle kommend wykein al los. Wy wurkje mei de seleksjes dy fermeld stean op www.competitiemanager.nl. Sommige nije oankeapen fan klups binne dêrop noch net ferwurke. Wolle jim dizze spilers dochs hawwe(b.f. Aissati by Vitesse) dan skriuwe jim se der mar by. Wy kinne allinnich gjin garansje jaan dat sy by www.competitiemanager.nl ek punten krije.
Dus net te lang stinne en gau dy SDS League útprinte en ynfulle of ynfulle en maile. Jim kinne hjir it formulier fine en der hjir alles oer lêze. Graach ynleverje foar sneon 19.00.

Jits
Tige tefreden joech Jits Spits har juster del yn de sinne yn de lijte fan de kantine. Sij hie wûn mei Da1, sij hie trije kear skoard en sij stiet neffens har eigen ynskatting boppe oan de topskorderslist. Dat lêste is wol wier mar sij moat it earste plak diele mei Harm Auke Dijkstra, want ek hij makke der trije.

Ferfelend (1)

It is fansels ferfelend om sa fuort oan it begjin fan de kompetysje in strafskop te missen. Bij in 2-1 stân mocht de geachte hear Harm Clarence Dijkstra fan SDS 5, oanlizze fanôf 11 meter, yn de wedstriid tsjin CVVO 6 en hij skeat neist. Hartstikke neist. De bal is ûnderwilens werom fûn.

Ferfelend (2)

Ek ferline wike waard der in strafskop mist. It wie dan wol net yn de kompetysje mar dat makket de saak net minder slim. Gelokkich waarden wij noch efkes attendeard op de misser fan Robert Clarence Sijbesma bij SDS 2. Robert woe graach efkes op de foto foar ús. Dêr docht Robert net moeilijk oer.

SDS 1 – de Wâlde 1    
Kommende moandeitejûn moat SDS 1 al wer fuotbalje. De lêste bekerwedstriid. De folgende spilers moatte om 17.45 oere yn Easterein wêze want om 18.30 begjint it.:
Ewout, Feiko, Marten, Feite, Erik, Jacob K, Wytze, Arjan, Harm, Tsjipke, Sietze, Jort, Andries en Arjen.

SDS 6

SDS 6 is sneon fuort al op de foto kommen. In moaie seleksjefoto mei in blessearde Steffen en sûnder in doelman!!!


De doelman, Sjoerd van Beem kaam krekt te let oan. Hij wie troch brommerpech oan de tige lette kant.

SDS F4

Pake Henk seach sneon efkes bij pakesizzer Rutger. En Henk sjocht it beste troch in lens en dus binne der noch mear foto’s te sjen op
dizze side.

Op ‘e brommer 
It like Eeltsje ek wolris wat om in goal op in ludike manier te fieren lykas
dizze Iislanders fan Stjarnan. Doe ’t hy juster meidie by SDS 6 en Sytse Hibma skoorde koe it eindelijk wurde. It waard “de brommer”. Sytse op hannen en fuotten en Eeltsje siet boppe op him en probeare de brommer te starten mei de kickstarter. Jim hienen it sjen moatten. Wy binne no al benijd nei de folgende kreaasje.

Stephan?
Stefan van Krimpen mocht juster mei SDS 2 mei, mar al wa ’t kaam, gjin Stefan. Hy hie al op de webside lêzen dat der ien of oare Stephan mei moast, mar tocht: “ik docht dat sil wel één of andere jonge uit de A’s weze. Ik ken se ook niet allemaal”. Stefan wie noch drok oan it wurk doe ’t hy belle waard, mar hy smiit it ark lyk yn de hoeke en wie binnen in kertier op it fuotbalfjild.

VVV
Tom ferwachtet dit seizoen net folle fan de oanfallers fan VVV. “” Wat in gekke namme; Venlose Voetbal Verdediging…………….”

Harsens derby(283)
Dit gie mar krekt goed. Hast de fuotten yn ‘e knoop: