Weppers snein 5-4-2020

Treffer 50 jier yn op ‘e Skille
3 april 2020
Weppers woansdei 8-4-2020
8 april 2020

Goeie

Goeie allemaal, supporters voetbal liefhebbers vrijwilligers bestuur en wie niet al.

Van mijn kant als toeschouwer en liefhebber van het voetbal wil ik in eerste plaats de trainer van SDS 2 Okke Van Der Kamp bedanken voor de plezierige, hilarische momenten die ik met hem heb meegemaakt.
Wat betreft het seizoen van SDS 2, niet verloren of gewonnen, waar jullie op dit moment nu staan is terecht. Misschien nog een plaatsje hoger, had gekund, maar helaas jullie kunnen het seizoen niet afmaken.
Ik hoop dat we volgend seizoen gezond en wel, allemaal weer op en langs het veld staan met iedereen die SDS een warm hart toedragen.

Groet Jan Los

Freon ferlern

Freon fan SDS en jierren supporter fan SDS Dictus de Jong is ferline wike stoarn. Wy winskje de famylje en neisten in soad sterkte ta mei dit ferlies.

Nije Freon fan SDS

Sûnt freed hawwe wy der wer in nije ‘Freon fan SDS’ by. Martin Rienstra lit út Amsterdam witte syn klupke op dizze manier graach stypje te wollen. Hjir binne wy tige wiis mei!
Wolle jo ek Freon fan SDS wurde klik dan hjir.

Doe ’t Martin by Jinek siet.

Balpylder

It is moai waar om te fervjen. Dat komt moai út, want dan kin Bauke de Boer fierder mei de ‘SDS-balpylder’. It sjit al aardich op!

Panna

De striders foar in pannakoai yn Wommels hawwe moai wat hantekenings bijelkoar skarrele. It doel wie om al dy hantekeningen oan te bieden oan in riedslid fan ús gemeente. En wa hie dat net better wêze kinnen as Habtamu de Hoop.  Mar doe wie der koroana en is de fraach at it allegear wol troch gien is.

Adreswizigingen

Mochten je ferhúze wêze jou dit dan efkes troch oan ús ledenadministraasje; Anco Elgersma. Dit kin troch in mail te stjoeren nei Ledenadministraasje@vv-sds.nl.

Wa hat de foto?

Dizze prachtige foto soenen wy hiel graach yn it grut op in wand yn de kantine hawwe wolle. Dêrfoar hawwe wy de orisjinele foto nochris nedich om him ekstra goed te scannen. Wa hat dy foar ús? Graach maile of belje mei Willem of Aant, willem@vv-sds.nl of aant@vv-sds.nl.

De Treffer

No ’t it fuotbaljen stilleit betsjut dat net dat wy as webmasters ús ferfele of sa. Sa binne wy noch drok dwaande om it Trefferarchyf op oarder te krijen. Dit wykein binne alle Treffers fan 2002 op de webside setten. It is wier de muoite wurdich om se efkes troch te blêdsjen. Jim kinne hjir alle Treffers fine fan de ôfrûne 20 jier.

De SDS-League

De KNVB hat noch altiten net besletten hoe ’t it fierder komt mei de Eredivisie dit seizoen. Dat betsjut dat wy ek noch net witte hoe ’t it komt mei de SDS-League.

1994-1995


Wij kamen dit moaie oersicht ek noch tsjin út in âlde Snitser krante, bewarre troch Tiny Hoekstra. Alle doelpuntenmakkers út de súdwest regio fan it seizoen 1994-1995 op in rige mei as topper Jappie Wijnia fan SDS. Bij Nijland komme wij ek in oantal bekende nammen tsjin. Douwe (no trainer bij SDS) Theo (leart de jeugd fan SDS autoride) en Hendrik Sweering (lieder JO17-2). En sjogge wy ek net in lettere doelpuntenmakker fan SDS 1 op ‘e foto? Is dat Dirk-Yde Sjaarda net mei dy pet op?

Harsens derby (2223)

Toet, toet!