De nije SDS League!
4 september 2011Weppers moandei 5-9
4 september 2011Pechfûgel fan it wikein
Anco Elgersma is de pechfûgel fan dit ôfrûne wykein. Hij lit ús witte dat syn bange fermoedens fan juster útkaam binne. Syn kûtbonke is stikken!!
Sterkte der mei.
Easterlittens A1- SDS A1
Nei in goeie earste 25 minuten wer gjin doelpunten foelen sakte it niveau wat werom en kaam littens better yn hun spul. Dit resulteerde yn in 2-0 mei rust foar littens, werfan de 2e in super skot fan 25 meter strak yn it krus. mooi doelpunt.
2e helft kamen we goed ut e startblokken en setten we druk op littens. troch in afstand skot fan jan friso waard it 2-1. SDS probeerde de 2-2 te meitsjen mei in grutte kans fan gerrit tessemaker. Mar it slagge net. Troch wat blessures ( 3 mei in moasten wissele wurde en 2 mei kramp) moast útneed ús keeper it fjild yn en spilen we alles as neat. It waard neat….Uteindelijk makke littens nog 2 doelpunten yn blessuretiid….
Hendrik de Jong
Ljochtmasten
Moarn mear oer de ljochtmêsten dy’t sneon fanút Amsterdam nei Easterein brocht binne.
SDS League
De earste teams foar de SDS League binne al ynlevere, mar wy hawwe fansels noch lang net genôch. Sjoch hjir foar it nije formulier en doch ek mei.
Graach jim team ynleverje foar kommende sneon 19.00 sadat wy gau los kinne.
SDS B1 oefenje
Moandeitejûn sil SDS B1 oefenje yn en tsjin Easterlittens.
Fuort om 17.45
Spylje om 18.45
SDS 2 oefenje
SDS 2 sil tiisdeitejûn om 18.45 thús oefenje tsjin Tzummarum 1.
SDS C1 troch
C1 is troch yn de beker. Dat is it goeie nijs wat wij trochkrigen. Sels wûne se hiel dik fan Harns en konkurrint JVBolsward ferlear fan Easterlittens.
SDS 1 seal giet los
Kommende woansdei giet it seizoen los foar it “nije” SDS 1 seal. Sy begjinne mei in thúswedstryd tsjin SWZ 5. De wedstryd begjint om 20.30. Sjoch hjir foar it folledige programma.
Spam
Allegear hawwe wij betiden lêst fan Spam. Ek it email adres sds-nijs@home.nl .
Hello sds-nijs,
Hi my friend! Do not worry. It not spam. I am a real girl who wishes to get acquainted with you. I have seen your profile on a site. Please tell me more about yourself, your interests. My name is Ekaterina. What is your name?
SDS League
Hendrik Eringa hat ús 2 wiken lyn syn team foar de SDS League al maild.
Myn super team hjit “Ronnie James Dio RIP”
Myn spilers:
Boerrighter Ajax
Sujlemani Excelsior
Sightorson PSV
S de Jong Heerenveen
Jansen Utrecht
Eriksen Roda
Vertongen pec Zwolle
Alderweireld Nac
v/d Wiel Nec
Anita Graafschap
Vermeer VVV
En fansels wer net ien fan Feyenoord.
groetenis
Hendrik fan Gelf en Pjirkje
South-Park-kwis
Wy binne sa goed as troch ús SDS-South-Parkers hinne, mar by de VI hawwe sy noch in hiele bult South-Parkers lizzen foar in kwiske. Sjoch hjir mar ris.
Harsens derbij (557)
Royston Drenthe giet in skoftke by Everton fuotbaljen en liket dêr aardich nocht yn te hawwen:
Miskien kin hy dêr yn Liverpool lyk in nij wyt sjurtsje keapje: