Weppers snein 4-12

Ferreinde utslaggen 3-12
2 december 2011
Weppers moandei 5-12
4 december 2011

E1
Traint moandei net. At Swarte Pyt net ien meinimt, kinne se woansdei allegear wer traine.

250 euro
Der is in moaie priis fallen op lotnoemer 0879281 fan de Grutte Klup Aksje.
Oan wa ha ik dit lot ferkocht?
De priis hat in wearde fan € 250, it soe dus sonde wêze as it lot by it âld papier leit.
Mar…. miskien hat de winner de priis al ophelle, ik hear it graach.
Oars allegearre noch mar ris goed sneupe.
Gr. Immie

Jierdei op sneon
Juster 3 desimber wiene Friso Albada en Ytsen Tamminga  (E5) jierdei. Friso is 42 wurden en Ytsen 9.
Hjoed hawwe wij gjin jierdeis stean.

Training yn de seal

Dinsdag     16:50-17:50 D3 Wietse Fopma
Donderdag 17:00-18:00 D2 Hans van der Schaar

Utslaggen
Wij misse fan in oantal utwedstriden fan juster noch in inkele útslach. Miskien dat immen dat noch efkes trochjaan kin.

keodnaps dnerettikS
Wiken dwaande west om in moai spandoek te meitsjen, it nei it stadion ta tôgje en dan bard der dit:

Harsens derby (626)
Sommigen moatte fannemiddei sa nedich nei SC Heerenveen – AZ. Dizze wedstryd begjint om 16.30. Foar dizze mannen dus gjin “pakjesjûn”. Foar harren falt “Sinterklaas” dus mar moai yn it wetter: