Weppers snein 4-11

Ut- en ferslaggen 3-11
1 november 2012
Weppers moandei 5-11
4 november 2012

10 jier werom!
10 jier werom wie dit ús earste wepperke.

Pupillen fan de wike

Eeltsje Bootsma fan E1 wie juster de pupil fan de wike. Hij woe graach mei Jaap Toering op de foto….dat wie gau regele. De twadde pupil woe mei Dirk Yde Sjaarda op de foto…

….mar dat betsjutte dat hij wachtsje moast….want Dirk Yde hie earst noch efkes in interfjoe mei in sjoernalist fan de Ljouwerter Krante……

….en heal yn it tsjuster krekt foar de dikke bui heilstiennen brocht wie it de beurt oan Sjors Boschma ek fan E1 om op de foto te gean mei Dirk Yde Sjaarda

DWP
SDS 3 moast juster nei DWP en op twitter gie it foaral om wat betsjuttingen foar dy trije letters te betinken.
It begong mei in hiel leech nivo: “De Wiete Piemels”, en it gie foarôf ek oer nei “De Weake Pankoeken” , “De Wite Pûsteknipers” en “De Wankeljende Pokloper”.
Nei ôfrin wie it “De Winnende Ploech” , “De Winst Punten” en soarge de eigen klup út Sint Jansgea ek foar in bijdrage “De Wereld Profs”

Berenloop
Hjoed is de jierlijkse Berenloop wer op Skylge. Wat foar bear as it ea útfûn hat om op in wiete snein yn novimber mei wynkrêft 10 op Skylge in draaftocht te organisearjen is ús noch altiten ûndúdlik, mar it is al wis dat der dochs ek wer in pear SDS’ers meidogge. Wy binne der yn eltse gefal wis fan dat Meinte Wesselius, Treinus de Jong, Durk de Jong, Jan Stenekes en Samme Overal yn elts gefal de muoite dien hawwe om nei Skylge te gean. Wy winskje harren in protte (wyn?)sterkte.

Berenloop(2)
It hie net folle skeeld of Samme Overal hie hielendal net meidwaan kinnen oan de Berenloop. Fansels moast hy fannemiddei fuotbalje mei SC Terschelling. Lokkich genôch hat dat probleemke him sels oplost. Samme stie foarige wike foar de wedstryd tsjin SC Kraggenburg of sa op 3 giele kaarten en ien giele kaart moast genôch wêze foar in skorsing, dus dat moast slagje. Samme naam it wisse foar it ûnwisse en pakte mar in ……..reade kaart………. nei in kertier………….
 
Fan herte lokwinske
Anne “Patat” Stenekes is hjoed jierdei!
Fan herte lokwinske!

Fifa 2013
Hjoed geane 20  “fuotballeafhawwers efter de kompjûter” yn de Tsjerne de striid mei elkoar oan foar de beste koach op Fifa 2013, Fanôf 14.00 te besjen.
 

Harsens derby(880)
Neffens Mario Balotelli hoege je net te juichen nei in doelpunt. “It is mar wurk en in postboade juicht dochs ek net neidat hy in poststik besoarge hat?” Dan hat hy de âld-slachter fan Easterein en no nije postboade fan Easterein, Lolke Bouma, noch net sjoen: