A1 is der klear foar
30 januari 2016Weppers moandei 1-2
31 januari 2016Net oefene
It wie de bedoeling juster dat as SDS 1 ôflast wurde soe en de wedstryd fan vv Scharnegoutum 1 ek dat sy dan tsjinelkoar oefenje soenen. De wedstryd fan SDS waard al ôflast, mar dy fan Scharnegoutum net. Dêrop waard besletten om mei in grut part fan de A-seleksje mar efkes by Scharnegoutum 1 – EBC 1 sjen te gean. Sy seagen in bult goals, want it waard mar leafst 11-1.
Oefenje
SDS 1 is fan doel om tiisdeitejûn al te oefenjen. Wêr en tsjin wa is noch net bekend.
SWZ C1 – SDS C1: 11 – 0
Hjoed hiene we in oefenpotsje tsjin haadklasser SWZ C1 ut Snits. It begie al mei it autoritsje ut Wommels nei Snits. It fjoer spatte derof. De Passat foarop mei derefter bumperklever Toyota, derefter de Volvo mei de measte PK’s en as leste de VW transporter mei ek aardich wat PK’s. Der unstie in fascinerende striid oer wa it beste ride koe. Typisch in riidskema sunder memmen neffens DJ vd Eems. Uteinlik wie it ek DJ vd Eems die as earste it parkeerterrein fan SWZ op riid. Goeie twadde wie bumperklever F. Korbach en de miskien wol de meast ferstandich FR Vellinga op in moai fjirde plakje. At de jongens op it fjild dizze fulhied no ris oernimme soene………Der like it earst noch wol op. De earste kans wie ek sawier foar SDS, mar it skot gie krekt oer de goal fan SWZ. Dernei koene we it aardich byhalde en nei in kwartier stie it noch hieltiid 0 – 0. Doe wie it SWZ die op foarsprong kaam. Dernei gie it hurd. De jongens ut Snits fuotbalden doe folle makkeliker. Wer at wy tefolle rinne mei de bal, litte sy it baltsje yn heech tempo run gean. Sy fine elkoar makkelik en binne hiel beweeglik. Ek fansels omdat sy it kuenstgers went binnen en altiid traine kinne. De skoare kaam mei rest ut op mar leafst 6 – 0. De twadde helte wie fan us kant wol wat better as it twadde diel fan de earste, mar dochs wurde de skoare de twadde helte hast noch ferdubbele. Hjoed misten we Jopie, Sander en Sjoerd en wie Aiso Agricola mei ut de C2. Tsjin in ploeg as dizze is it beslist gjin skande om te ferliezen, mar ik ha wol wat moeite mei de utslach fan 11-0. Mar earlik is earlik, dizze ploeg spylet twa klassen heger, mar is ek seker twa klassen better. Sunder echte utblinkers, stie by SWZ C1 in ynspiele team mei snelle en beweeglike spylers. Safier binne wy noch net, hopelik komt dit yn de takomst. Nye wike wer oefenje tsjin LSC. Sy spylje ek twadde klasse, dus dit moat in lyk opgeande striid wurde. Speciale tank oan Aiso Agricola, hy hat it hjoed prima dien. Ek tank oan Harry Kooistra. Us feste flagger foar de thuswedstriiden, wie foar de safolste kear ek wer flagger by in utwedstriid. En net te ferjitten fansels de riders/coureurs Folkert Rients en Durk-Jorrit.
Theo.
Lokwinske!
Ús jeugdfoarsitter Robert Schildkamp is ôfrûne wike 50 jier wurden! Lokwinske!
Juster hie der it feestje en fansels hienen de oerbuorlju wat moais by him yn de tún delsetten.
Balotelli kinne je eins mar op ien manier syn snút hâlde litte……………