Utslaggen sneon 29-3
28 maart 2008Weppers moandei 31-3
30 maart 2008De 1-0
Henk Postma makke juster foar SDS 1 de 1-0 tsjin WPB. Foar wa ’t him net sjoen hat krigen wy hjoed de werhelling fan J. Beetsma. Henk nimt bûten byld rjochts njonken it strafskopgebiet in direkte frije traap. Sjoch en genietsje(klik hjir).
Sytze Clarence Kooistra
Bij A1 sitte in oantal jonges dy’t al in kear in strafskop mist hawwe en dus al yn ús ferneamde Clarence Sluier klassemint steane. Doe’t A1 sneon in strafskop nimme mocht, melden dy hearen harren net. Nee, it wie Sytze Kooistra dy’t de ear krige om in doelpunt te meitsjen of ek plak te nimmen yn it klassemint.
Wij stelle jim dus foar oan Sytze Clarence Kooistra.
Tank oan de Sjinees
Ferline wike gie SDS 5 te wokken. (se hawwe it der no noch oer) Doe’t lieder Durk Okkema nei in bierke as 10 frege wa’t der sneon net wie, wiene der net folle reaksjes. Ek Folkert Rients fergeat syn finger op te stekken. Dus nei sa wat 4 moanne wie hij der sneon wer. En hij die wat hij al 4 moanne net dien hie: skoare. Mei tank oan de Wokwok-sjinees. In kertier foar de ein foel hij út mei kramp. Wij hope net dat dat wer 4 moanne duorret.
Net bliid
Hoe’t it kin dat SDS 1 no ynienen wol winne kin (0-5 noch wol bij WPB) , is net maklik in antwurd te jaan. Dat trainer Marcel Frankena der net wie, kin dochs net in reden wêze. Dat se ien fan de webmaster bij de poat nimme woene, omdat hij WPB op winst setten hie yn de toto is al hielendal net in reden.
Ferslach SDS 1
Hé!
Vandaag moest ik noodgedwongen het verslag verzorgen, omdat Siem met Jeltje naar het ziekenhuis is geraakt. Door een ongelukkig valpartij heeft ze haar heup gebroken en is vanavond nog geopereerd.
Dus hier mijn verslag(klik hjir).
Groeten,
Tsjalling
Wy winskje Jeltje betterskip!
Foto’s
Yn de rin fan de dei kinne jim de foto’s fan WPB 1 – SDS 1 wer fine op de webside fan Henk Bootsma(klik hjir).
Freegje
“Hoe hat it earste spile”, wie de fraach fan in oantal feteranen nei it brûzen. “0-3”, wie it antwurd fan Jan S. It wie sa as gewoan wer in antwurd fan Jan wêrfan je sizze, dat sil wol wer net wier wêze. En yndie it wie it wier, it wie sels 0-5 wurden. Dus jouwe wij efkes in goeie rie oan elkenien: Jan wat freegje kin gjin kwea, mar him leauwe is net ferstannich.
De twadde bal
Cambuur hat in trainer dy hjit Koolhof. Dy man hat in drege klus. Hij moat middelmatige fuotballers better meitsje en alle wiken moat hij útlizze werom se no wer ferlern hawwe.
Hij brûkt yn syn analyse altiten it begrip: de tweede bal. “Wij misten steeds de tweede bal. De tweede bal was steeds voor hun”, seit hij hieltyd.
SDS 5 hat sneontemiddei tsjin Aldehaske spile. Sij misten steeds de earste bal. Dy lei dan yn de feart. En at dy twadde yn de feart lei gyngen se fierder mei de earste bal.
En dochs wûnen se. Miskien moatte se yn Ljouwert tenei mei ien bal spylje.
SDS Tassen Registraasje Systeem (TRS)
Wy hawwe al in hiel soad, mar noch net allegear. Mail je tasnûmer nei info@vv-sds.nl!