Weppers snein 30-11

Utslaggen sneon 29-11
28 november 2008
Weppers moandei 1-12
30 november 2008

Wiet

Der wie sneontemoarn wol wat ûnbegryp bij dizze en gene oer it ôflasten. Wij seagen efkes bij it bêste doelgebiet: grutte plassen en in wiete boel.

Útslaggen
Wy misse noch in pear útslagen fan juster. Jim kinne se mail nei dizze adressen.

Klasse 2J
SDS 1 waard juster ôflast, mar de oare ploegen moasten juster al fuotbalje. Sjoch hjir foar de útslagen.

SDS 3
SDS 3 hat juster yn Boalsert fuotballe en gelykspile. Fan dy wedstryd hawwe wij wat foto’s krigen fan Jan Kroese en dy kinne jim moarn sjen.

Klinik
8 famkes hawwe freed foar de tredde kear meidien oan in klinik. Under leiding fan Marije Hiemstra, Sieta Tessemaker en Anke van Asselt diene se oefeningen en in partijtsje.



En fansels nei ôfrin meielkoar op de foto.

Sealtraine
Ek kommende wike wurdt der wer troch de jeugd yn de seal traind. Sels op 5 desimber:

MAANDAG F1 01-dec 17.00 UUR SIETSKE.VD HORST
DONDERDAG F4 04-dec 17.00 UUR BAUKE DIJKSTRA
DONDERDAG F5 04-dec 17.00 UUR FEIKO SCHEEPVAART
VRIJDAG F2 05-dec 17.00 UUR HARM VINK
VRIJDAG F3 05-dec 17.00 UUR SIETA TESSEMAKER

SDS 6?
Moat der in SDS 6 komme? Lit hjir je stim heare!

Jacob Klaas hat ek in freon

Wat nimmen tocht hie is dan dochs bard. Jacob Klaas Haitsma hat in freon. In Snitser knaapke hie it net sa stean op de SDS-ers dy’t de wedstryd WPB – Nijlân bijwennen. Hij naam gjin blêd foar de mûle en makke dêrtroch gjin freonen. Doe’t Jeroen Brouwer sei dat nr 12 meast op de bank siet hie dy it hielendal bedoarn.
Jacob Klaas, dy’t sels ek tige mûlryp is, koe it tige best mei de knaap fine (“ik wie earder ek sa,” wat troch broer Erik befestige waard) en neffens  ús hawwe de twa adressen, tillefoannummers en fisitekaartsjes meielkoar útwiksele.

Frije traap
Hjir in alderaardichste frije traap fan Lionel Messi. Wy sille sjen as wy fan ‘e wike noch wat aardigen fine kinne: