Weppers moandei 1-12

Weppers snein 30-11
29 november 2008
Weppers tiisdei 2-12
1 december 2008

Fen fan…..

Wij krigen fan Jan Kroese fan Boalsert wat foto’s fan Bolswardia 2- SDS 3. (tige tank). Hjir kinne jim de oare foto’s sjen. Wat ús opfalt? Eeltje Postma is geregeld yn byld. Dus konkludeare wij dat Jan Kroese in fen fan Eeltje is. Of famylje. Of in kollega.

De prommen wienen soer foar SDS 5
SDS 5 gie ôfrûne sneon op ‘e nij ûnderút. Dit kear mei 3-0 tsjin WWS. De titelaspiraasjes geane dus wer efkes de koelkast yn. SDS 5 komt yn ’t sicht fan de suptop (of is it sûptop?) lykas de gehakbol yn Wurdum. Sjoch hjir foar it ferslach fan Marco Hoekstra.

Lilk 
Johannes Zandvliet siet sneon al om 07.00 oere yn de klean om sich foar de bereiden foar de kampioenswedstriid fan E4. De wille wie snel oer doe heit Hans by him kaam om te melden dat Pake it fjild af keurt hie. It hús wie te lyts en Pake Pier koe gjin goed mear dwaan yn de eagen fan Johannes.
De gemoederen binnen ynmiddels wer sust en se komme wer bij elkoar oer de flier!
Marten

Kuenstgers
Wy binne der ek efter wêrom it kuenstgers fan VV SneekWit-Zwart sa goed is en it de SDS’ers sa goed befalt. Fan ’t simmer hat der net ien op it fjild west troch dit buordsje:


SDS League
De kosten om mei te dwaan oan de SDS League binne foarige wike by eltsenien ôfskreaun fan de bankrekken. De earste 7 wykprizen binne ek lyk útkeard troch ús ponghâlder.

SDS 6?
Moat der in SDS 6 komme? Lit hjir je stim heare!
Ein fan de wike sille wy ris sjen hoe ’t jim stimd hawwe.

Dûbel pech?
De Tsjechische keeper fan Anderlecht, Zitka. Hie freedtejûn dúdlik syn jûn net. Yn de wedstryd tsjin Dender kaam hy earst al ferkeard te lâne en bruts hy syn kûtbonke en dêrnei barde der dit: