Utslaggen sneon 29-11

Seleksjes sneon 29-11
28 november 2008
Weppers snein 30-11
29 november 2008

Mail de útslach, in koart ferslach en bijsûnderheden, eigenaardichheden, apartichheden, nuverheden en oare wissichheden nei dizze adressen.

Om 7.48 krigen wij it folgende berjocht fan André Vink:
Geen voetbal vandaag op de velden in Easterein.

SDS 1 hat it keunstgersfjild fan Snits fanôf 16.00 oere. Der wurdt oefene tsjin de koprinner fan 4A: de Jouwer

    útslach
16:15 SDS 1  – Joure (sneons)
 oefenje (fjild Sneek)
6-2
12:00 SDS 2  – BCV 2  ôflast 
9:00 SDS C1 – RES C1  ôflast
11:15 SDS C2 – SneekWit-Zwart C3  ôflast
10:15 SDS D1 – ONS Sneek D2  ôflast
14:30 SDS DA1 – ONS Sneek DA3  g.n.t
12:45 SDS DAJ  – Tzum DA1 g.n.t
13:30 SDS DAJ – SDS DA1  (oefenpot)  ôflast
9:00 SDS E1 – JV Bolsward E1  ôflast
9:00 SDS E4 – JV Bolsward E7M  ôflast
10:00 SDS F3 – IJVC F3  ôflast
12:15 Bolswardia 2  – SDS 3  3-3
12:45 Walde De 2 – SDS 4  ôflast?
14:30 WWS 3  – SDS 5  
10:30 JV Bolsward A1 – SDS A1  7-1
10:00 Minnertsga B1 – SDS B1  3-0
9:00 ONS Sneek D4 – SDS D2  ôflast
10:00 Makkum E2 – SDS E2  7-3
10:15 JV Bolsward E4 – SDS E3  4-3
9:00 Harlingen F2 – SDS F2  5-1

Bij de wedstriden

Kantine
De kantine is om 14.30 oere iepen. Kinne  se it efkes hawwe oer de sinterklaasynkeapen.
Hans Kooistra


SDS 1 oefent of traint
Om 16.00 oere koe SDS 1 te plak op it keunstgersfjild fan WitZwartSneek. Der waard oefene tsjin sc Joure de koprinner yn 4A. Einstân doelpunten Mark, Arnoud (3), Tsjalling en Jelmer.
Neffens Dick wie it fjild poerbêst.

Wa giet mei nei Snits?
Noch efkes de nammen foar fannemiddei!
Jaap, Anne, Tsjeard, Jacob Klaas, Henk, Mark, Tsjipke, Erik, Skelte, Arnoud, Tsjalling, Feiko, Robert, Jelmer en Marten.
Fertrek om 15.15 oere.
Dick

Lokwinske
De seleksje fan SDS 1 lokwinsket Harm Stremler en frou mei de berte fan harren soan. Sybrand is fannacht berne.

SDS 2
Fannemiddei kin SDS 2 fanôf 16.00 oere yn de seal yn Easterein balje!!
Spilers dy’t net kinne , graach wol sa gau mooglik ôfsizze, we ha mar 10 man.
Gr. Klaas.

Bolswardia 2 – SDS 3 3-3
Hast wienen der 3 punten foar SDS 3. Spitich genôch makke Bolswardia op it ein noch in omstreden lykmakker. De wedstryd fan SDS 3 jout fertrouen foar de folgende wedstryd tsjin Workum 2. De doelpunten fan SDS 3 waarden makke troch Pieter, Jeroen en ien fan Bolswardia. By SDS 3 makke Peter Sybesma nei 5 jier syn rentree op it fjild.
Sjoerd van Beem komt fan ‘e wike noch mei in útgebreid ferslach.

jv Bolsward A 1 – SDS A1
SDS A1 ha hjoed flink foar de broek krige. Net mei de roe, mar troch in útslach fan 7-1.
Wol flattearre sei de skiedsrjochter, mar Boalsert wie wol better hjoed.
De earste helte stiet it noch 0-0 en it kin alle kanten op.
Mar de twadde helte wie it ‘wie zoet is krijgt doelpunten’!
Wer we foar twa wike binnen 3 minuten 3 kear skoare, der krigen we se no sa tsjin.
De “earetreffer” wurdt fraai skoart troch Jarco nei in perfekte foarset fan Freek.
Aardich:
-Dat der mei respekt in minút stilte hâlden waard
-Dat Jort mei wie te sjen, Ron wie te sjen en der mear âlders wienen te sjen dan riden hienen
-Dat we in goede skiedsrjochter hienen
-Dat Lody Elger dochs fuotbalje liet, om’t syn maten derom freegje
-We dochs mei in goed sin it wykein yngienen
-Remco keepe koe yn SDS 3 (rêst 1-1)
Net aardich:
-De reden werom in minút stilte hâlden waard
-Dat der ynbrutsen wie by Lody op de saak en it net Sinteklaas wie
-We no al foar Sinteklaas spile ha (sit him net yn de name!?)
-Dat we sels gjin kadootsjes krige ha
-Dat men krige kânsen net altyd wurdearret
-Us doelgemiddelde no wer negatyf is
It folsleine
ferslach.
Groetnis, Klaas

Minnertsga B1 – SDS B1 3-0 
De aftrap was om 10 uur. Met een goed gevulde bank begint SDS als mindere aan de wedstrijd. De eerste 10 minuten worden bepaald door het spel van Minnertsga met enkele kansen. Hierna begint SDS ook wat scherper te worden en worden er ook voorin bij SDS kansen gecreëerd. Met na een kwartier een grote kans voor SDS die net voor het doel voor Minnertsga langsgaat. Direct hierna breekt de tegenstander uit en wordt op de paal geschoten, nog niet een minuut later ligt de bal wel in het net van SDS. SDS pakt de draad na een aantal minuten weer op en creëerd het een en ander, ook Minnertsga blijven aanvallend sterk maar beide zonder resultaat. Tot na een half uur spelen Minnertsga het tweede doelpunt van de wedstrijd weet te maken. In de rust wordt het een en ander gewisseld en willen de spelers weer scherp beginnen in de tweede helft. SDS redt het niet om scoren in de laatste 40 minuten. Een te sterk Minnertsga voor SDS domineert de wedstrijd en schiet 10 minuten voor tijd de laatste erin. 3-0 voor Minnertsga.
Jan de Boer

SDS 4 giet net troch?
Hoi, 
Keek net op de site van De Walde en SDS 4 gaat ook niet door. 
Groet Johan
Dit berjocht hawwe wy fierders noch net offisjeel trochkrigen.

WWS 3 – SDS 5 giet troch!
Hew wer even belle en WWS 3 – SDS 5 giet wer gewoan troch en it is gelokkig net sa kald!!!
Harm-Auke


JV Bolsward E 4 – SDS E3 – 4-3
hoi webmasters
sds e3  hat balle yn boalsert tsjin jv boalsert e 4
moaie wedstrijd spile en nipt ferlern mei 4-3
groetnis tineke huitema