Weppers snein 3-2

Útslagen sneon 2-2
1 februari 2013
Weppers moandei 3-2
3 februari 2013

SDS 1
It earste duel fan SDS nei de winterstop einiche yn in 3-0 ferlies tsjin Broekster Boys en dat wie dik fertsjinne foar de ploech út Damwâld.
Nei 6 minuten foel de 1-0 ol en dernei krige Broekster Boys een protte kânsen om de foarsprong út te breiden. Sa waard een doelpunt, mooglik únterjochte, ôfkard en kaam een frije traap op de latte. De stoarm gong nei een healoere wat lizzen, mar echte kânsen krige SDS net omdat de lêste pass net goed wie: 1-0 mei de rêst.
Nei de tee koe Jelmer Posthumus een skerpe foarset krekt net mei sien foet berikke. Nei een oere kaam de 2-0 troch een moaie foarset die folge waard troch een mooie kopbal. Doe wie de wedstriid hielendal spile en foel flak foar it ein noch de 3-0 út een counter.
Nije wike wer út nei ONT, dizze ploech stiet op it foarlêste plak krekt boppe SDS: een echte ‘degradaasjekraker’ dus.
Grietzen

MC1 en Da trainden
Justermoarn wiene de teams fan MC1 en Vr2 goed dwaande. Sij trainden op it keunstgers yn Snits. Twa sfearfoto’s binne 
hjir en hjir te sjen tanksij Jacomien.

SDS B1
De tweet fan de dei fan juster wie foar Douwe Kooistra: Earste minút wie foar SDS, de oare 79 foar Trynwâlden #8-1

SDS D1
Sij ferlearen justermoarn op it fjild mei 10-1 fan YVC D1. Mooglik wiene se al dwaande  mei it fuotbal yn de seal want middeis moasten se nei Ljouwert:
Zaalwedstrijden gingen gelukkig iets beter, mede doordat SDS D1 fantastisch geholpen is door
Remon Bouma die maar liefst 5 zaalwedstrijden heeft gefloten, nogmaals ontzettend bedankt Remon!!!


Harsens derby(948)
Stekelenburg soe fan ‘e wike hast by Fulham tekenje, mar krige gjin tastemming fan syn klup AS Roma. Stekelenburg is by AS Roma reservekeeper en dêr baalt hy aardich fan. Nei dit slipperke fan syn konkurrint freedtejûn kin it wolris oars komme. De trainer is ynmiddels ek al ûntslein….