Weppers snein 3-1-2010

Weppers nijjiersdei
31 december 2009
Fuotbal Ynsicht (ôfl. 1)!
4 januari 2010

Binnenloftspul
Yn Weidum is dizze wike it
binnenloftspul. De tsjinhinger fan it iepenloftspul yn Jorwert. Ien fan de haadrolspilers is Arjen Toering, de heit fan Jaap. It stik HoteldeBotel is tige de muoite wurdich. Der binne lykwols allinne foar woansdeitejûn noch kaarten.

Sealtrainen jeugd
Moarn sille de skoalfamkes yn de seal traine yn Easterein fan 17.00 oan ’t 18.00 ûnder lieding fan Sieta Tessemaker. Tongersdei is C1 oan de beurt en freed C2. Sjoch
hjir foar de hiele list.

Midwintercup 2010
Fan ‘e wike geane de foarrondes fan de Midwintercup los. Moarn mear hjiroer.

SDS-sealtoernoai
Juster wie it SDS-nijjierssealtoernoai foar de D’s, E’s en F’kes. Rudy hat ús al wat foto’s maild. Jim kinne se fan ‘e wike hjir sjen.

Waarm Australie
Wylst wij hjir de winterkjeld trotseare, genietje Tsjeard en Janny fan de waarme sinne yn
Australie.

Liftwedstryd
Sjoerd van Beem is doelman bij SDS. Hij dangelt wat tusken de alvetallen yn. Mar yn 2010 giet hij derfoar. As tarieding hat hij de liftwedstryd brûkt. De striid oangean mei de eleminten lyks as snie, kjeld, iensumheid, tsjinslach en teloarstelling. Mei help fan syn persoanlike koach Teade de Boer moast hij der yn 4 dagen stean. Wij binne tige hoopfol dat it doel helle is. It kin hast ek net oars at je kieze foar twa liften nei Ymuiden, 16 oeren op de boat nei New Castle sitte en sliepe en in trijtal toeristyske liften nei Stirling nimme en moai foar iterstiid oankomme. Sjoch hjir de relekste fotoreportaazje

Scheveningen
In grut part fan de A-seleksje fan SDS binne der dit wykein op út nei Scheveningen. Wy binne benijd as sy noch wat kondysje opdien hawwe dêr.

Harsens derby (103)
Om it jier te begjinnen is dit miskien wol in aardich filmke mei aardige fragminten fan de ôfrûne jierren. Hy duorret al in skoft, mar nei al dy feestdagen is it efkes noflik bekommen: