Weppers snein 29-3

Útslagen sneon 28-3
30 maart 2009
De webside wurket wer!!
30 maart 2009

Noch altiten net klear
De webside is noch altiten net op oarder. Wij hope ynkoarten op in oplossing. It pleatsen fan foto´s is op dit stuit ek wat lestich. Foar foto´s fan juster kinne jim sjen op de side fan Henk Bootsma.

Anne Brouwer
Anne Brouwer wist as flagger fan SDS 1 juster net wat hij seach. It gemak wêrmei de Drinten efter de ferdigening kamen wie opfallend. Foar Anne wie it hurd wurkjen. Bij it tredde doelpunt ferwachte elkenien in flachsinjaal foar bûtenspul mar ynstee fan de flagge omheech, gie de flagge en de hân omleech…..nei de hamstring. Foar Anne siet de wedstriid der foar it skoft al op. Sterkte Anne.

Net tefreden
De technyske lieding fan SDS 4 wie juster net tefreden oer it benutten fan de kânsen. Mei namme de de spits Hendrik E. liet it raar sitte. Mooglik dat it dochs oan de giele (of wiene it reade) skuon leit.

Nije buorden
De lêste wike binne der wer meardere nije reklamebuorden pleatst op de Skoalleseize. It begjint no aardich wol te lykjen oan trije kanten.

Bas Clarende de Haan
 
Hij miste foar it lêst yn 2004 in strafskop. In foto hiene wij dus noch. Juster yn Boalsert mei SDS 4 gie it ek mis.