Weppers snein 28-9

Ut- en ferslaggen sneon 27-9
25 september 2014
Spulrigelbewiis helje
29 september 2014

Ferslach
Tjipke Klaas Okkema die fanwege sykte net mei bij SDS 1 en wie ek net yn Wytmarsum. Mar wylst hy nei Liverpool-Everton siet te sjen op Sport 1 waard hij folslein op de hichte brocht troch ynsprutsen boadskippen fia sa’n Appelding. Bram van Beem hie it der mar drok mei om alle 5 doelpunten goed te beskriuwen.

Moaie fytstocht
Foar trouwe supporters fan SDS 1 binne de streekderby’s en it moaie waar in segen. De hearen Bruinsma en Bergsma (yn de folskmûle BB) fytsten fia Lollum nei Wytmarsum en namen werom de Himert route. Hinnereis miskien fol twivels (hoe soe it komme mei safolle ôfwêzigen) en weromreis optein oer de oerwinning. 

40!
Fansels wie Hendrik de Jong juster de man fan de wedstryd by Mulier 1 – SDS 1. SDS 1 wûn mei 5-0 en Hendrik makke sels 3 doelpunten en wie by de oare twa doelpunten tige belutsen. Dochs gienen de blommen juster nei Harm Stremler. Hy fuotballe as wie der noch mar 20 jier, mar fierde ôfrûne freed dochs wier syn 40e jierdei! Fan herte lokwinske!

Skoares
Der wiene sneon 20 wedstriden en wij hiene wat rekkene op 30 punten en in doelpsaldo fan 80-67.
It rissultaat is úteinlik wurden 27 punten en in doelsaldo fan 78-53.

Foto’s
Henk Bootsma sjitte juster wat plaatsjes yn Wytmarsum by Mulier 1 – SDS 1. Jim kinne se hjir sjen. Der komme noch mear!

Willem
Dochs wol ferrassend wie de ynfaller spits bij SDS 1 Willem Wijnia. Hij skoarde ek noch en dat die hy foar it lêst bij SDS 1 yn it seizoen 1998-1999 neffens de statistiken fan Voetbalnoord.nl.

Fyts
 
Juster nei it foutballen soe ik snel myn fyts ophelje ut Easterein, een matswatte Mambo 7 fan Batavus.
Ik miende dat ik myn eigen fiets meinom hie en myn fietssleutel thus hie litten want de fiets stong opslot.
Mar fannemoarn toen we noch ris goed nei de fiets seagen blikte dat it myn fiets net wie en myn eigen stong ek net mear yn Easterein. Ik hoop dat de gene fan wie ik de fiets he meinommen myn fiets ek meinommen hat en dat der sprake is fan in ‘’fietsruil’’. At dit net it gefal is soe ik it graag hjearre at iemand oars myn fiets sjoen hat.
Myn excuses foar de eigener fan de fiets hie stjit by us thus, fanwege it ungemak sil der in thusbringservice weze
foar de eigener. De fietseigener kin us belje op 0515-331854 
gr Habtamu de Hoop

Fyts(2)
Juster ut de kantine wei stong myn fiets der net mear. Nei in skofke sykjen fun ik in zelfde fiets as at ik ha. Myn fiets stong op slot en dizze net! Dus bin ik mar op dizze fiets op hus of zet. Miskien dat yn de ferkearde fiets meinommen hat…. Wol frjemd wat hij stong op slot.
Mar goed it giet om in zwarte Batavus Mambo7. Graach contact opnimme mei Gerrit Flisijn, Ljurk 27 Wommels 06 42741543. 
Alvast bedankt! 
Gr. Gerrit  

Harsens derby(1342)
In Frankie Berghuis!