Ut- en ferslaggen sneon 27-9

Seleksjes sneon 27-9
25 september 2014
Weppers snein 28-9
28 september 2014

Mochten jim fuotballe hawwe, mail dan de útslach, in koart ferslach, foto’s, doelpuntenmakkers, bysûnderheden, eigenaardichheden, apartichheden, nuverheden en wat ik mar nei dizze adressen en skilje deútslach efkes troch nei de kantine: 0515-331700. 
Twitterje @ff_sds mei fansels ek!

20 wedstriden hjoed. Wij rekkenje op 30 punten en in doelsaldo fan 80 – 67

      útslach
08:30 SDS D1 Blauw Wit ’34 D3  2-2
08:30 SDS E5 ONS Boso Sneek E4  1-6
08:30 SDS E1 Makkum E1  3-2
09:30 SDS MD1 S.C. Stiens MD1  2-4
09:45 SDS C2 Dronrijp/Foarut C3  5-3
10:30 Minileaugue    
10:50 SDS B2 Bolsward B3  2-3
11:15 SDS B1 Annaparochie St. B1  1-2
12:30 SDS C1 Workum C1  0-3
13:00 SDS VR1 Bolsward-RES VR2  11-3
14:00 SDS 4 SC Berlikum 4  5-0
15:00 SDS 2 DWP 2  2-4
15:50 SDS VR2 Lions’66 VR1  g.n.t.
 
08:45 LSC 1890 E6 SDS E3  2-2
09:00 SWZ Sneek D4 SDS D3  2-1
09:00 SWZ Sneek E8 SDS E4  1-18
09:00 Leovardia F5 SDS F1  5-7
10:15 Leovardia E4 SDS E2  5-3
10:30 GAVC D2 SDS D2  2-0
14:30 Mulier 1 SDS 1  0-5
14:30 TOP’63 3 SDS 5  1-5
14:30 SWZSneek A1 SDS A1  3-3

Mulier 1 – SDS 1  0-5
It wurdt wat ientoanich mar dat is net slim: SDS 1 hie de wedstriid wer prima ûnder kontrôle sa as hieltyd dit seizoen en makket it wer prima ôf.
Foarôf gie it oan de kant earst oer de spilers dy’t der net wiene. Oer Mulier waard sein dat de foarhoede fan ferline jier der yn syn gehiel net wie en bij SDS foelen de nammen fan Dirk Yde, Dirk, Jelmer en Tsjipke dy’t der net bij wiene hjoed.
Wat der bij SDS wol wie, wie foldaande om Mulier in pak foar de broek te jaan. Wat bij SDS foaral opfalt dizze middei is de “gunfaktor”. Wêr’t ferline jier te faak each wie foar de eigen posysje en eigen kâns wurdt no omsjoen. Sa gunde Hendrik Wytse de earste, sa gunde  Wytze Hendrik de twadde, sa gunde Hendrik Willem de fjirde en sa gunde Erik Hendrik de fiifde.
Bij it skoft wie it 0-2 en moast Mulier alle seil (ek it hurde seil) bijsette om SDS-ers te kearen. De kombinaasje dy’t SDS socht en de djipte ballen op mei name Hendrik diene fertuten. Krekt nei de tee, soarge Hendrik nei in prachtich baltsje fan Wytze foar de 0-3.
Kristian Gaastra wie der al út mei in blessure, Jort Strikwerda wie syn prima ferfanger en ek Theun Heeres moast it fjild mei in blessure ferlitte en waard ferfongen troch “goodold” Willem Wijnia. De trainer gunde ek Bauke Dijkstra syn minuten noch as ynfaller en sa levere elkenien in bijdrage oan dizze dik fertsjinne oerwinning fan SDS 1. Op skiedsrjochter Kraak wie net folle oan te merken. Mulier einige de wedstriid mei 10 man omdat ynfaller nû 13 yn de koarte tiid dat hij mei die tsjin twa giele kaarten oprûn.
Ferline wike 4-0, dizze wike 0-5, nije wike….. Nijlân.
(ah)

SDS 2 – DWP 2    2-4
Doelpunten fan Feite de Haan en Gerrit Flisijn.

SDS 4 – Berlikum 4     5-0
Doelpunten fan Robert Sijbesma, Wichard Deinum en Peter Sijbesma.

TOP ’63   3 – SDS 5
It giet goed mei SDS 5. Ek no krigen wij wer fleurige twiits fan korrespondint Stefan van der Velde: “Wer 3 punten mei SDS 5……1-5 winst tsjip TOP. Arjan Hallema, Jelmer Brouwer, Gert Jan Hessels en twa kear topskoarder Eeltje Postma.”
En oer de keeper: Gelegenheidskeeper Peter Stuiver stie op é goal en hat ús meardere kearen rêden. Man of the match!

SneekWitZwart A1 – SDS A1
Wat een monsterteam dat A1! Na de zeer matige wedstrijd van vorige week, was gister de passie voor het spel helemaal terug. De voortekenen waren ongunstig. De coach zwaar aan het revalideren thuis, Sijtsma geblesseerd en dus maar met de vrouw de stad in, Theun onmisbaar voor het eerste en Bote ook nog afwezig. Op het veld bleek de scheidsrechter te laat en verdwaald te zijn. Oude Tomtom die alleen WZS-terrein er in had staan… Na de toss nog niet los.  De keeper van Boso draafde met zijn hand tegen zijn kont gedrukt van het veld. Na 10 minuten en waarschijnlijk heel veel Boso-doekjes verder kwam hij terug, lijkbleek. Op dat moment ontdekte de scheids dat hij in hetzelfde tenue als Sneek op het veld stond. Kortom een half uur later klonk het startsein. Sneek denderde finaal over de arme zwartwitten heen. Keurig om de tien minuten viel er een doelpunt: 2-0. Met kunst en vliegwerk werd de pauze zo gehaald. Af en toe een speldeprikje, meer zat er niet in. Niemand zeurde in de pauze. De boys spraken elkaar moed in! In de tweede helft zag het er totaal anders uit. Met strijdlust werd Sneek op eigen helft teruggedrongen. De spits werd fantastisch vrijgespeeld en scoorde beheerst de aansluiter. Tot 10 min voor tijd ging het best. Sneek miste veel kansjes en ook SDS kwam er gevaarlijk uit. Toen ging het mis: een duidelijke handsbal luidde de 3-1 in, zwaar onterecht!! SDS hield hoofd koel. Een mooie vrije trap verdween achter de keeper en het geloof was terug. PdV liep inmiddels zwaar aangeslagen rond, maar kon nog een keer opstomen. Almar kreeg de bal voor, de keeper miste en Wiebe zorgde voor woede en stekende zuurheid bij Sneek en maniakale toestanden bij SDS! 3-3! Hierna sloeg de kramp als de diarree van de eerste keeper om zich heen. De driefluit was nimmer zo welkom. De interim coach werd gefeliciteerd met het puntje. Ik heb in mijn leven weinig zulke zure hoofdjes gezien als die van de andere coaches. Teleurstelling mag, maar relativeer toch eens wat mensen! Wat overblijft is trots. Trots op de mannen van Boudewijn en de kanjers van B1 die prima invielen!
Tjerk

SDS Vr 1 – Bolsward-RES VR2      11-3
In rynske oerwinning mei 5 doelpunten fan Kirsten Hiemstra, 2 fan Tjitske Heeres en 1 fan Jeska Terpstra, Jildou Siesling en Amarins Tjalsma
 

SDS D1 – Blauw Wyt D3
Sneontemoarn om 8.30u wie de ôftraap fan de tredde kompetysjewedstryd fan SDS D1. De earste helte wie net goed fan ús kant, sis mar gerêst strie min. Gjin beleving, gjin ynset en elts duel waard ferlêrn. Wer leit dit oan?
– De krêft fan de tsjinstanner
– It te lange gêrs (werom net meane op freed ypf op tiisdei)
– It tiidstip
Gjin excuus fansels, want de lêste twa jild ek foar de tsjinstanner. Troch it slappe spul fan ús kant stie it yn minder dan 15 minuten al 0 – 2, en dermei kamen we ek noch goed fuort. We hiene nei 20 minuten fuotbal noch gjin inkele kâns hân.
Dochs makke Anco krekt foar rêst de oanslútingstreffer nei de earste de beste moaie oanfal. No wie de twadde helte wêr fan alles mogelik. SDS wie de twadde helte better en al gau stie it 2 – 2 troch in goal fan Stan.
Dernei kamen der mear kânsen foar ús, mar dêr waard net mear skoard. Ek Blauw Wyt krige noch in pear kânsen, mar 2 – 2 wie ek de einstân. Op basis fan de twadde helte hiene we winne moatten, mar oer de hiele wedstryd sjoen, wie in lykspul terjochte. Nye wike sneon wêr thús tsjin Ljouwerter Sweltsjes.
Theo.

SDS E5 – ONS Boso Sneek E4 (1-6)
ONS stie underoan en wy op in tredde plak, dus dat moast wol te dwaan wêze. Mar dat pakte wat oars út as tocht. Nei 5 minuten die blyken dat dit in prachtig fuotbaljen ploechje wie. Wy stiene dan ek al gau  1-0 efter. Us begjin wie net echt sterk en wy dwaalden allegear eltse kear richting bal wertroch ONS konstant prachtig frij stean koe en elkoar moai oanspielje koene. De 2-0 foel dan ek al gau dernei. Wy koene mar moeilik grip krije op it krachtige spul fan ONS. It wie frij rommelig by ús en ONS hoechde net iens grutte kansen te hawwen om te skoaren. Us keeper wie hjoed net echt skerp en liet betiiden unnoadige ballen gean. Ja, en dan is it hiel moeilik fuotbaljen. 0-4 giene wie de rust ien. Yn de rust nog mar ris útlein dat it oanhâlden fan eigen plakjes seker hjoed fan wezenlik belang is en it like wol oan te kommen by de spielers. De twadde helte pakte gelyk better út. ONS kaam mei de passes hieltiid krekt te koart en wy koene de bal eltse kear ûnderskeppe en trochspielje. Koarte passes en gjin ellenlange individuele rally’s brocht ús gefaarlik foar de goal en nei in prachtige foarset fan Elbrich koe Ruben de bal ien it net fan ONS krije. 1-4, dat brocht gelyk de spirit d’r wer yn. Dast koest gelyk merke oan alles. Felhied en striidlust. ONS hie it d’r mar moelik mei. Toch kaam d’r geande de twadde helte wer steeds minder struktuer yn de opstelling. It trochwikseljen fan spilers makket it betiiden ek wol wat ûndúdlik en foar my dan ek de taak om dat better en dudliker nei de spilers ta te coachen. ONS pakte toch de trie wer op en wist nog twa kear te skoaren. Eerlik is eerlik. ONS hie in prachtig ploechje mei hjir en dêr sterke en grutte spilers en wie gewoan te sterk foar ús, mar ik tink as wy wat tactischer spielje en foaral yn de goal wat skerper binne de folgjende kear ús wol oan hun oplûke kinne. SDS E5, in swakke earste helte,mar in prima twadde helte. Folgjende wike de beuk d’r wer yn.
Herman

Efkes Balje
Fiif tsjin fiif. De kriks tsjin de kreks. De kreks moasten hurd wurkje foar sukses.  Se kamen te koart tsjin de kriks. Dy hiene Bonne. Oanspylpunt forever. Oanspylje, wachtsje op de oanslutende man en skoare. Soms duorre it te lang dat dy man oanslute koe. Dan skoarde Bonne gewoan sels.
De kriks wûnen. Terjochte. De grutte partij en de alles beslissende lytse partij. Mar sûnder sportyf ferliezende kreks fansels gjin winnende kriks. Kriks en kreks nei de tiid meielkoar efkes op de bank. Bijkomme fan dy oere Efkes Balje. Allegear. No ja, hast allegear.