Weppers snein 27-3-2022

Sneon 26-3-2022
25 maart 2022
Tongersdei mikstoernoai ynstee fan trainen
28 maart 2022

Foto’s

Hast eltse thúswedstriid sjit hy plaatsjes by SDS 1 en oars wol by in oar teamke fan SDS. Hjir binne wy tige wiis mei en dêrom sette wy him hjir efkes yn it sintsje; Henk Bootsma.

Clarence-Sluiertrofee

As je in penalty misse dan komme je yn oanmerking foar de Clarence-Seedorf-sluiertrofee. Juster wie it Ewout de Boer  dy by SDS 2 út by Rijperkerk 2 in penalty miste. Om te foarkommen dat wy him herkenne spile SDS 2 yn sjurts fan de Protters. De folgende kear mar wer in penalty nimme yn it SDS-sjurt. Miskien skeelt it.

Bal fuort…….

SDS 3 mocht juster op besite by VVI. By it yntraapjen koenen je al merke dat de mannen fan SDS 3 skerp wienen. De measte yn elts gefal. In groepke VVI’ers is hjir net oan it ljipaaisykjen, mar nei de wedstriid noch altiten op syk nei in bal dy ’t Anne Stenekes by it yntraapjen net hielendal goed rekke.

De pet fan Douwe

Kinne jim de trainer fan SDS sûnder pet?  Der wie justermiddei tidens SDS 1 – Oeverzwaluwen 1 in momintsje om dat te sjen. Doelman  Jaap Toering hie min sicht yn de twadde helte troch de leechsteande sinne en dat soarge foar de 2-1. Jaap hie gjin pet lizzen en dy fan Anne Brouwer, dy’t yn de buert wie, wie der net op ha.
Trainer Douwe seach it swurk driuwen, Oeverzwaluwen sette wat oan en hij woe syn pet wol opofferje oan Jaap, sadat dy de ballen wol keare koe……
Gelokkich makke Peter Hoogerwerf de ferlossende tredde goal.

Knap

De SDS JO15-2 hat de smaak aardich te pakken. Juster stienen sy mei de rêst by konkurrint ONS mei 1-0 efter, mar wûnen úteinlik mei 5-1. Dan steane je terjochte boppe-oan.

JO8-4

SDS JO8-4 mocht juster foar it earst kompetysjebalje. Is it net in plaatsje?

Lieder Harm, Wout, Lisa, Redmer, Sinne, Jesse, Niels, Mika en Tys.

Foar €10,- nei sc Heerenveen – Fc Groningen

Wolsto ek foar 10 euries nei sc Heerenveen – Fc Groningen? Dan moast dit efkes lêze.

Harsens derby (2362)

Somtiden hawwe je as skiedsrjochter je dei net…….

 

Letter miskien wol mear!