Weppers snein 26-7-2026

Weppers woansdei 22-7-2026
22 juli 2026
Weppers woansdei 22-7-2026
22 juli 2026

SDS 1 is wer los!

SDS 1 hat juster foar it earst wer traind as tarieding op it nije seizoen. De seleksje wie hast kompleet.

B-fjild

It soe moai wêze as der hjoed in buike falt. It B-fjild kin wol wat wetter brûke. Twa wiken werom is der sa ’n 50 m3 sân op brocht.


Auke op de PC

Wy hawwe jierren hân dat der bulten SDS’ers op de PC stienen te keatsen. De lêste jierren is dat wer wat minder. Woansdei stiet der al wer in SDS’er. Auke Boomsma fan SDS 2 hat him mei de keats-off pleatst foar woansdei. Wy winskje him in hiel soad súkses ta!

Lourens wint alles

Neist de SDS WK-League wûn Lourens van der Pol ek noch 2 subleagues. Mochten jim him dus misse dizze dagen dan sit hy wierskynlijk thús syn jild te tellen. Of al syn bekers te poetsen.

Beker SDS 1

Kommende freed 31 july wurdt de bekeryndieling fan SDS 1 bekend makke troch de KNVB.

Stimme op je klup

By Plantipower kinne je stimme op je klup en in topfjild en in klupfeest winne. Dat moat altiten wêze. Bring hjir je stim út.

Harsens derby (2405)

Doe’t wy noch gjin VAR hienen wie net alles better………..

 

Sa miskien wol mear!