Weppers snein 26-3

Sneon 25-3
24 maart 2017
Weppers moandei 27-3
27 maart 2017

In skande


Mar leafst 5 peuken leine der nei de wedstriid fan SDS 1 op it keunstgersfjild flak bij de yngong fan de kantine. 5 filterpeuken….. Dat immen soks docht is net te leauwen. Lit ús asjeblyft ôfprate dat wij minsken dêr op oansprekke at wij dat sjogge…..

In blessure


Samar in flinke blessure tidens it Efkes Baljen. It oerkaam Wybren Jorritsma út Easterein. Undersyk yn it sikenhús wiisde út dat it in marsfraktuur is.   Betterskip tawinske.

25

VoetbalNoord wist justermiddei gelyk te melden dat Erik Haitsma 25 doelpunten makke hat foar SDS 1. Sjoch hjir it oersicht. It levert him in earste stjêr op….. en lokwinske mei dy 25ste..dat wie in hiele moaie.

Harsens derby (1857)

In penalty yn de lêste minút dy ’t beslissend wêze kin foar it wol of net nei in WK gean, nim je fansels sa: