It ljocht op sneon 24-9
24 september 2016Weppers moandei 26-9
26 september 2016Pupillen fan de wike
Juster wer twa pupillen fan de wike. Dizze kear mei pet en dat sjocht der stoer út. Sjoerd Andringa en Pieter Wiersma woene wol mei Pieter Sijtsma op de foto
Dei fan…
It wie juster de dei fan de materiaalman. Dat binne der 4 bij SDS. Klaas de Haan, Willem Twijnstra, Geert Dijkstra en Lolke Bouma. Dizze mannen binne altyd dwaande mei fan alles en om se op ien foto te krijen op dizze sneon is in ûnmooglike opdracht. Nei de wedstriid fan SDS 1 hiene trije fan dy mannen efkes wurkoerlis en klik….op de foto
Fertocht…..
SDS 4 kaam sneon net fierder as 1-1 tsjin Scharnegoutum 3. It wie krekt of wisten se bij Scharnegoutum alles fan SDS 4 en hiene se harren taktysk konsept dêrop ôfstimd. Wij wisten genôch doe’t in Eastereinder mei kroast har opfallend fertocht bij de dugout fan Scharnegoutum ophold……
Spiler fan de wedstriid
De tige nijsgjirrige website Voetbalnederland hat spesjaal foar tillefoan besitters in moaie app om sa sneontemiddei de tuskenstanden fan alle wedstriden te besjen. Sûnt dit jier kinne je ek stimme op de “Speler van de wedstrijd”. Dat gedoch tidens de wedstriid is noch efkes wenne. Juster waarden der trije stimmen útbrocht bij SDS-Griffioen: twa foar Teun Heeres en ien foar Erik Haitsma. De poging fan Meinte Wesselius om op syn tastel ek te stimmen foar Ate Vellinga slagge net. Je kinne per tastel mar ien kear stimme. Foar Popko Wijnia wiene de stimdrúven soer. It systeem (de GPS) sei dat er op it plak wêr’t hij wie gjin wedstriid wie…..
Harsens derby (1763)
Tsja…