Weppers snein 25-3

Utslaggen 24-3
22 maart 2012
Weppers moandei 26-3
26 maart 2012

Pippisjurt

Nei een geweldige pot foetbal fan de A’s moasten de shirts wer skjin wasken wurden.
De froulju fan de lieders woene dizze taak wol op harren nimmen, en dus wie Baukje no oan de beurt.
De shirts kamen ut de waskmachine en de skrik sloech har om’t hert, wat ha’k no dien, alles krompen??
Mar gelukkig siet ‘r een pupillen shirtsje tusken de ‘grutte mannen’ shirts.
Dus dit shirtsje is skjin ôf te heljen bij Baukje op ‘e van Eijsingaleane 22.

Pupillen fan de wike

Dat de 2 pupillen Skelte Anema juster fregen om op de foto te gean mei harren  wie logysk. Hij skoarde 2 kear en hij krige 2 kaarten.
Kevin de Haan en Lars van Lelyveld binne beide spilers fan E2 en sij wûnen juster wol fan Scharnegoutum E2

Ferslach SDS 1
Op RTV Not stiet al in ferslach fan de wedstriid SDS 1 – Borekster Boys 1. Jim kinne it
hjir lêze.

Geert Dijkstra
Hij is juster 25 wurden en hij fierde dat net mei in oerwinning fan SDS 3 mar fêst wol mei in bierke en syn ploechgenoaten.

Klaas Overal
Ek lokwinsken binne der hjoed foar Klaas Overal. Hij wurdt hjoed 61 jier.

Pieter de Vries
Hij fuotballet yn Seal 1 en hij wurdt hjoed 41 jier. De selde lokwinsken.

Tsja

Juster middei nei de wedstriid SDS 1 – Broekster Boys 1 lei dizze kaart op it paad bij de kantine. It antwurd op dizze fraach sil nei de útslach fan justermiddei wolris ferskillend wêze kinne.  Wa’t him der dellein hat, is net bekend.

Lêste snein fan de moanne
De lêste snein fan de moanne stiet Easterein wer yn it teken fan de blues. Hjoed komt de Little Boogie Boy nei Eastersnein.
Foar Eddy de Boer hinget it der noch efkes fan ôf at hij komt. At Ajax wint fan PSV mei hij him graach efkes sjen litte. Bij ferlies giet er leaver it lân noch efkes yn.

Harsens derby (718)
Blykber lêze sy yn Skotlân ek de SDS-side. Nei it stikje by de weppers fan snein gie hy efkes nei in pub yn Skotlân: “There’s only one Mark de Vries!”



Foar de leafhawwers
Lju dy ’t gjin Eredivisie Live hawwe koenen
hjir Ajax-PSV sjen.